Wapen fan Menameradiel

It gemeentewapen fan Menameradiel waard fêststeld by Keninklik Beslút fan 20 juny 1938, mei de beskriuwing
Yn azuer, in lizzende, omsjende ienhoarn fan sulver, beselskippe yn de linker boppehoeke fan in skkulp fan goud, yn de rjochter boppehoeke fan in rút fan sulver, en oan de skyldpunt fan in blêdleaze gouden ikel, de stâle nei ûnderen ta. It skyld dekt mei in gouden kroan fan fiif blêden".

Gemeentewapen Menameradiel

De gemeente Menameradiel krige fyftich jier lyn yn feite in nij wapen. It âlde wol deselde eleminten as it hjoeddeiske, mar de ferkearde kleuren. In troch keninginne Wilhelmina ûndertekenen Keninklik Beslút fan 20 juny 1900 bepaalde dat it nije wapen omskreaun wurde moast as
Yn azuer lizzende, omsjende ienhoarn fan sulver, beselskippe yn de rjochterboppehoeke fan in skulp fan goud yn de linkerboppehoeke in rút fan sulver en oan de skyldpunt fan in blêdeleaze gouden ikel de stâle nei ûnderen ta. It skyld dekt mei in gouden kroan fan fiif blêden.

Yn de heraldyk klinke de kleurenammen Midsiuwsk, maar dat komt omdat de heraldyk krekt yn dy tiid ta grutte bloei kaam. Soks is lykwols ienfâldiger as't it liket. Azuer is de heraldyskhe beneaming foar blau, goud is giel en sulver is yn feite wyt. Trouwens, as yn in wapensomskriuwing fan links of rjochts sprutsen wurdt, wurdt dêr eins it tsjinoerstelde mei bedoeld.