Wapen fan Readtsjerk
It wapen fan Readtsjerk is it wapen fan it doarp Readtsjerk, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2002 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeIt wapen waard yn 1977 tegearre mei de wapens fan de oare doarpen yn De Trynwâlden ûntworpen. Om't Readtsjerk yn Dantumadiel leit en de oare doarpen yn Tytsjerkteradiel waard in wapen nei offisjeel registrearre. Om't it wapen toch brûkt waard, waard it yn 2002 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in sulveren tsjerke mei sealtektoer, tsjerke en toer mei in read dak en in sulveren krús op de toer.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en kiel (read).