Wapen fan Reahûs

It wapen fan Reahûs is it wapen fan it doarp Reahûs, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.[1]

Wapen fan Reahûs

De blazoenearring fan it wapen is:

yn sulver in blau krús en oer alles hinne in read hûs yn de foarm fan in boereskuorre fan siden sjoen; in grien skyldhaad, belein mei in omkearde gouden keper, útgeande fan de boppeside fan it skyld, de trochsnijingsline reitsjend.[2]

De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), keel (read), sinopel (grien) en goud.

  • Blau krús: tsjut op skiednis fan it doarp as in roomsk-katolike enklave.
  • Reade Skuorre: makket it wapen ta in sprekkend wapen
  • Skyldhaad: stiet foar de Slachtedyk oan de noardkant fan it doarp.
  • Keper: symboal foar de Sânleanstersyl, in eartiidske slûs yn de Slachtedyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryske Rie foar Heraldyk (2012). Overzicht van de dorpswapens en -vlaggen in Fryslân. [pdf] Ljouwert: Fryske Rie foar Heraldyk. Beskikber op: Fryske-akademy.nl.
  2. (fy) Fryske Rie foar Heraldyk (2001). Doarpswapens en -flaggen: Baaium, Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterein, Easterlittens, Hidaard, Húns/Lions, Hilaard, Hinnaard, Houtigehage, Itens, Jellum, Jorwert, Kûbaard, Lytsewierrum, Mantgum, Marrum-Westernijtsjerk, Alde Leie, Reahûs, Rien, Sibrandahûs, St. Anne, St. Jabik, Waaksens, Weidum, Wiuwert. Genealogysk Jierboek 2001, s.182-237.