It wapen fan Snits wurdt troch de Hege Rie fan Adel sûnt 25 maart 1818 beskreaun as
'In skyld yn de lingte trochsnien, de rjochterhelte fan goud beladen mei in heale swarte earn, de linkerhelte beladen mei trije gouden kroanen pealsgewiis setten. It skyld dekt mei in gouden kroanen dy't oan de rjochterside fêsthâlden wurdt troch in wyldeman en oan de linkerside troch in klimmende liuw'.
It wapen komt foar it earst foar op it stedssegel, ûnder in oarkunde fan 1422.

Wapen fan Snits
earder ôfbyld

Oer de komôf bestiet ûnsekerheid. Der binne meardere ferklearrings:

Wapen fan Rienck Bockema?

Aldere historisy meineden dat it ûntliend is oan it wapen fan Rienck Bockema, oan de ein fan de 14e iuw haadling yn Snits en stifter fan it kleaster Thabor. Dizze gedachte blykte lykwols ûnhâldber.

Karelsprivileezje?

De heale earn fan swart op goud yn de rjochterhelte is in skaaimerk yn in soad Fryske famyljewapens. Neffens de wenstige ferklearring symbolisearret de earn it rjocht op de beklaaiing fan it rjochtersamt. Dit waard as in keizerlik amt beskôge. De earn tsjutte dêrmei teffens op ryksûnmidlikheid fan de Dútske keizer. Dizze ryksûnmidlikheid waard weromfierd op it ferneamde privileezje dat de Friezen fan Karel de Grutte krigen hawwe soenen yn ruil foar harren oandiel yn de ferovering fan Rome. Yn werklikheid berêst dit yn it Latyn skreaune stik in ferfalsking út de 13e iuw. Fan dit stik bestienen yn de Fryske kuststreken ferskeidene ôfskriften, net allinnich Fryske mar ek Nederdútske oersettings. De ferklearring fan Karel de Grutte waard yn Snits bewarre, mar is neffens Worp Tjaarda, de prior fan it kleaster Thabor, op 14 april 1457 by in grutte stêdsbrân ferlern gien.

Opnij Bockema?

Hoe dan ek, troch de oanwêzichheid fan it Karelsprivileezje yn Snits soenen de trije kroanen yn it wapen opnomd wêze. It Karelsprivileezje stie de Friezen ta harren skylden as teken fan frijheid te beskilderjen mei de keizerlike kroan.
Troch de trije kroanen yn it wapen op te nimmen koe it stedsbestjoer fan Snits de betsjutting fan it Karelsprivileezje yn Snits ta útdrukking bringe.
In oare ferklearring is dat de Snitser haadling Rienck Bockema, trije kear ta ridder slein wêze soe. Foar elke ridderslach soe hy in kroan yn syn wapen opnomd hawwe.
De trije kroanen binne lykwols, oars as de earn, in útsûnderlik motyf yn de heraldyk.

Bysûndere skyldhâlders

bewurkje seksje

Foar de wyldeman bestiet ek in ûnsekere ferklearring. Hy soe de striid fan Rienck Bockema tjin de 'heidenske' Litouwers útbyldzje. De liuw soe de liuw fan Juda symbolisearje en tafoege wêze as symboal foar de reis fan Rienck Bockema nei it hillige lân. Mei dit singeliere twatal skyldbeweitsers nimt it Snitser wapen in bysûnder plak yn. Op âlde segels fan de stêd út de 15e iuw komme de skyldhâlders al foar.
It wapen wurdt, lykas wenst, dekt troch in gouden kroan. Dit helmteken waard oant djip yn de 18e iuw oanfold troch in út de kroan oprizende iik. Dit is faaks in âld rjochtssymboal, de rjochtsiik, mar ek dit is net seker.