Warhero Brewery
Warhero Brewery is in thúsbrouwerij yn Ljouwert dy't yn 2021 troch Rutger Krijgsheld oprjochte waard.
Skiednis
bewurkje seksjeLykas in soad oare brouwers is op lytse skaal begûn foar eigen konsumpsje. De folgjende stappen wiene it fierder ferdjipjen yn alle prosessen, it folgjen fan de StiBon 1-oplieding ta bierambassadeur en in hiel soad testen.
Yn 2020 koe fanwegen de koroanapandemy mear tiid bestege wurde oan it brouwen. Op 6 juny 2020 is Warhero Brewery ynskreaun by de KvK. It earste kommersjele bier yn 2020 wie in blond bier, dy 't troch de jierren hinne mei fallen en opstean trochûntwikkele wie. Dêrnei ûntstie it idee foar in "private" label bier, dit hat laat ta it twadde bier, de Red ale. Yn de maitiid fan 2021 waard in tredde bier oan it assortimint taheakke, in weizen.
Hjoed-de-dei
bewurkje seksjeDe brouwer wurket noch oan mooglike útwreidings fan it assortimint. Fan it bierbostel wurde ferskate granola's makke. De ûnderskate miksen binne koalhydraatearm en allinne makke mei natuerlike sûkers út de fruchten of huning. Trochdat in grut part fan de sûkers brûkt wurde om it bier fan te brouwen is de granola ek kaloryearm. Foar it bierbostel binne se ôfhinklik fan de produksje út de brouwerij en fanwegen de lytse omfang binne de granola's beheind leverber fia de webshop.
Assortimint
bewurkje seksje- Warhero Blond
- Warhero Red ale
- Warhero Weizen
- Warhero IPA
- Warhero Barleywine