Weardepapieren
In weardepapier is in dokumint mei in jildwearde, lyk as in bewiis fan in oandiel as obligaasje. In weardepapier is oan toeaner, dat hâldt yn dat it net útmakket wa’t dêrfan eigner is. It papier hat kenmerken fan echtens: it wurdt sa drukt dat ferfalsking dêr troch dreger wurdt.
Weardepapieren waarden oarspronklik troch de eigner yn huis bewarre as yn bewarring jûn by in bank. Notiids wurde oandielen en obligaasjes elektroanysk berêden.