Weegee
Weegee wie it pseudonym fan Arthur Fellig, (Złoczów, 12 juny 1899 - 26 desimber 1968), in ferneamde Amerikaanske fotograaf en fotosjoernalist.
Weegee | ||
Weegee yn 1945. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Usher Fellig | |
oare namme | Arthur Fellig | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 juny 1899 | |
berteplak | Złoczów | |
stoarn | 26 desimber 1968 | |
stjerplak | New York | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Fotograaf | |
aktyf as | fotosjoernalist | |
jierren aktyf | 1935 - ? |
Libben en wurk
bewurkje seksjeWeege, dy't berne is as Usher Fellig yn Złoczów, feroare syn namme ta Arthur doe't syn famylje yn 1910, op 'e flecht foar antysemitisme, him yn New York nei wenjen sette.
Weegee stie der om bekend dat hy faak noch foar't de autoriteiten ynljochte wiene, op plakken wie dêr't ûngemakken plakfûn hiene. Syn bynamme hat er dêr ek oan te tankjen: Weegee is in fonetyske werjefte fan it wurd 'Ouija' wat ferwiist nei in spiritistyske wize fan ûntfangen fan ynformaasje fia in saneamd Ouija-boerd.
As fotograaf is Weegee benammen bekend wurden fan syn faak en noch altyd skokkende swart-wyt bylden dy't hy yn de stritten fan New York makke: foto's fan slachtoffers fan misdieden en ûngemakken, oerfolle stêdsstrannen. Hy makke ek in soad stikeme opnames.
Yn 1938 wie Fellig de ienige sjoernalist dy't tastimming hie om in plysjeradio yn syn auto te hawwen. Yn syn auto siet fierder in folsleine tsjustere keamer om syn wurk sa gau mooglik by de kranten te krijen.
It fotografearjen hat Weegee himsels oanleard. Hy ferkundige faak dat hy gjin inkelde relaasje mei oare fotograven yn de stêd hie, mar yn 1943 wienen op in tentoanstelling yn it Museum foar Moderne Keunst ferskate wurken fan him te sjen. Yn lettere jierren hat er faker dielnommen oan eksposysjes en hat er ek wol les jûn.
Syn nei alle gedachten earste fotoboek, "Naked City" (1945), ynspirearre ta it meitsjen fan de film The Naked City, dy't yn 1948 ferskynde. De film wie wer oanlieding ta it meitsjen fan ien fan de earste realistyske plysjesearjes foar telefyzje, mei deselde titel.
Fan 1941 ôf makke Weegee ek 16mm films en hy wurke fan 1946 oant it begjin fan 60-er jierren yn Hollywood as akteur en adviseur. Sa is bekend dat Stanley Kubrick foar de film Dr. Strangelove fan de tsjinsten fan Weegee as adviseur foar de spesjale effecten gebrûk makke hat. Syn aksint wie fierders de ynspiraasje foar it aksint fan de haadrolspiler yn dy film.
Yn de 50-er en 60-er jierren eksperimintearre Weegee mei panoramyske fotografy en foto's makke troch prisma's. Ek reizge hy yn de 60-er jierren in soad nei Europa om dêr te profitearjen fan de rommere mooglikheden om neakenfoto's te meitsjen.