De Weimaraner is in mearsidige jachthûn. Dy siket mei in gefoelige noas op in planmjittige, effisjinte wize it terrein ôf op syk nei wyld. Weimaraners binne treflike húshûnen dy't tige wiis binne mei harren húsgenoaten en it libben yn húslike rûnte.

Weimaraner
Weimaraner
Weimaraner
algemiene ynformaasje
alt. namme Weimarske steande hûn
oarsprong Dútslân
klassifikaasje Steande hûnen
FCI-nû. #99
lichemsskaaimerken
skofthichte Teefke 65 sm
Rikel 70 sm
gewicht Teefke 25 oant 35 kg
Rikel 30 oant 40 kg
kleur sulvergriis,
reegriis
mûsgriis
 
Jonge Weimaraners

De Weimaraner tanket syn namme oan de jacht- en jachthûneleafhawwer Gruthartoch Karl August fan Saksen-Weimar (1757-1828) dy't mei Weimaraners, of de foarâlden dêrfan, jage hawwe soe. Weimaraners soene foar it earst stelselmjittich oan it Hof fan Weimar, dêr 't Gruthartoch Karl August residearre, fokt wêze. It ras liket lykwols folle âlder te wêzen, om't sawol kwa bou as kleur op Weimaraners likense hûnen al te sjen binne op keunstwurken fan folle âldere datum, lykas in skilderij fan "Van Dijck" út 1631 en in skilderij fan "Antonis Morr" út 1549.

Oer it komôf fan de Weimaraner is in soad skreaun. Ferskate, inoar tsjinsprekkende teoryen hawwe koartere of langere tiid yn swang west. Ien fan de populêrste oannames wie dat de Weimaraner in degeneraasje wie fan de Koarthierrige Dútske steande hûn. Ek de Bloedhûn wurdt as mooglike foarâlder neamd, lykas de Dútske dogge. In ras dat yn de ûntsteansskiednis fan in protte steande hûnerassen werom te finen is de Spaanske Pointer en ûnmiskenber hat dat ras ek ynfloed hân op de Weimaraner. It is fierder oannimlik dat de Leithund in rol spile hat by de ûntwikkeling fan de Weimaraner as ras.

Yn 1896 waard de Weimaraner erkend as ras, nei't in earste fersyk dêrta al yn 1882 ôfwiisd wie. Der wie yn it earstoan in soad opposysje tsjin erkenning, dêr wie in soad kynologen fan betinkst dat de Weimaraner, in kleurfariëteit wie fan de Koarthierrige Dútske steande hûn. Uteinlik waard krekt op basis fan de ûnderskiedende kleur besletten dat de Weimaraner in op himsels steand ras wie, ek al waarden de earste Weimaraners opnommen yn it stamboek fan de Koarthierrige Dútske steande hûn. Yn 1897 lei Major von Bünau de earste raspunten fêst. Yn 1935 waard de rasstandert wizige en waard ek de langhierige weimaraner erkend.

In folwoeksen rikel is likernôch 59 oant 70 sintimeter heech, en weaget sa'n 30 oant 40 kilogram in folwoeksen teef sa'n 57 oant 65 sintimeter, mei in gewicht fan 25 oant 35 kg. Trije kleuren Weimaraners binne erkent sulvergriis, reegriis en mûsgriis.

Weimaraners kinne lêst hawwe fan Heupdysplasie, eachsykten as entropion, ektropion en distichiasis kinne fan tiid oant tiid wolris foarkomme. Dit ras hat in libbensferwachting fan sa'n 11 oant 14 jier.

Weimaraners binne freonlike, enerzjike en wurkwillige hûnen. Se binne yntelligint en tûk, mar ek eigensinnich. Fierder binne se beslist wach en beskikke se oer in beskate mjitte fan ferdigeningsdriuw. It binne hûnen mei in protte temperamint en in sterk karakter, dy't mei sêfte en tagelyk fêste hân tige konsekwint opbrocht wurde moatte. Weimaraners leare relatyf fluch wat jo fan se langje. Se binne hiel yntelligint en hawwe in grut learfermogen. Weimaraners binne tige fyngefoelige hûnen dy 't sterk reagearje op de gemoedstastân fan harren baas. Se hawwe neist in goede opfieding ek in earlike training nedich: jo moatte net it ûnmooglike fan se langje. Weimaraners hawwe absolút romte en beweging nedich om har enerzjy kwyt te reitsjen. Weimaraners stelle har trochstrings freonlik op neffens bern, hielendal as se mei bern opgroeid binne. Weimaraners hawwe in grutte beskermingsdrift nei de baas en syn húsgenoaten. Dat jo moatte der om tinke dat de hûn de bern net ûnnedich te help sjit by it stoeien mei freonen. De omgong mei katten en oare húsbisten smyt gjin problemen op as de Weimaraner goed sosjalisearre en traind is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: