In weintsjer of weinmakker (Nederlânsk: wagenaar of wagenmaker) wie foarhinne in ambachtsman dy't him derop talei om weinen en karren te meitsjen of te reparearjen. Yn it Ingelsk waard sa'n man in wainwright neamd, fan wain, in argaysk wurd foar "wein", en wright, in âld wurd foar "makker". Sawol de efternammen Wagenaar en Wielinga (yn it Nederlânsk) as Wainwright (yn it Ingelsk) komme tsjintwurdich noch rûnom foar, mar faak wurdt net mear begrepen wat dy nammen eins betsjutte.

It wurkplak fan in weintsjer.

In master-weintsjer hie yn it ferline faak feinten yn 't wurk mei ferskillende feardichheden, dy't allegear nedich wiene om in kreaze wein te produsearjen: tsjillemakkers, smidden en fervers. Lytsere weintsjers diene al dat wurk sels of bestegen dielen fan it wurk út oan oare faklju.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kalman, Bobbie, en Brady, Deanna, The Woodworkers, 2001, s. 26.