Welsumer
De Welsumer is in Nederlânsk hinneras dat oarspronklik út Welsum komt. De Welsumer waard fokt út de patrys Cochin, de patrys Wyandotte en de patrys Leghorn, de Barnevelder en de Rhode Island Red. Dat barde om 1916 hinne. Yn Ingelân waard it ras foar it earst yn 1928 ynfierd om reden fan de grutte, donkerbrune aaien. Welsumers lizze sa'n 160 aaien it jier fan sa'n 65 gram it stik.
De Welsumer is in middelgrutte fûgel mei in inkele kaam en op de kop. Yn Nederlân komt de Welsumer allinnich foar yn de kleurslach readpatrys.