Weperbult
De Weperbult is in eardere dwingel yn de buorskip Weper yn de gemeente Eaststellingwerf. Jiske út de provinsje Fryslân waard hjir stoarten. It dwingelân waard brûkt tusken 1970 en 1994. Neidat hy bûten gebrûk nommen is, is hy op natuerlike wze ynpast yn it lânskip. Boppe-op de bult stiet in keunstwurk fan Ids Willemsma.
Njonken de bult stiet in wettersuvering, dy’t it wetter út de bult suvert. Dêr wurdt e kit ôffongen ôffalgas ferbaarnd yn in gasturbine wêrnei’t de produsearre elektrisiteit weromfierd wurdt yn it net. De waarmte wurdt brûkt om de gebouwen te ferwaarmjen.
Utsjoch
bewurkje seksjeBy helder waar is der prachtich útsjoch fanôf de Weperbult. Yn it noardeasten is it Fochtelerfean te sjen mei dêrefter Assen. Yn it easten is de telefyzjetoer fan Smilde te sjen. Yn it noardwesten it Gasunygebou yn Grins en yn it suden de bebouwing fan De Fochtel en Easterwâlde.