Wettersûchdier
In wettersûchdier is in sûchdier dat yn it wetter libbet. Wettersûchdieren binne ûntstean út lândieren dy't stadichoan oanpast rekken oan libben yn it wetter.
De wettersûchdieren binne net ien inkele oanpaste diersoarte. Yn stee dêrfan hawwe der ferskate soarten fan lândieren west dy't oan it wetter oanpast binne. Under de wettersûchdieren falle:
- Seekij (skift: Sirenia)
- Walfiskeftigen (skift: Cetacea)
- Finfuottigen (ûnderskift: Pinnipedia)