Wide Burd

De Wide Burd is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart rint op De Burd noardeast fan Grou. Hy is mei de nei it westen rinnende Neare Burd ferbûn mei de Pikmar. Oan de eastkant komt de feart út yn de Wide Ie besuden Sytebuorren.

De namme Wide Burd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde Burd.