De Wide Sleat is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart leit besuden Wergea en Warten en rint lâns polder De Protter yn noardeastlike rjochting en komt út op de Meanewei dy't Wergea mei it Prinses Margrietkanaal ferbynt.
De namme Wide Sleat jildt al fan foar 15 maart 2007 as de offisjele namme.