Wielster Feart
De Wielster Feart is in feart yn de gemeente Ljouwert, ferneamd nei de buorskip Wielstersyl. De feart rint fan De Swette nei it westen en giet by Bears oer yn de Jorwerter Feart.
De namme Wielster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wielervaart.