Wiet T-shirt wedstriid
In wiet T-shirt wedstriid (Ingelsk:'Wet t-shirt contest') is in foarm fan kriich dêr't it om in moai lichem giet. De froulju dy't der oan meidogge drage meast in wyt T-shirt sûnder beha en wurde besproeid mei kâld wetter sadat de boarsten troch it T-shirt hinne te sjen binne en de spienen hurd wurde. Faak lûke de meidoggers it shirt ek út oan de ein fan in optreden.
Wiete T-shirt wedstriden kinne beskôge wurde as in foarm fan striptease of eroatyske dûns. It optreden hat as doel om it publyk op te winen.
It sjen litten fan froulike foarmen ûnder in wiet himd, waard in raazje nei de filmklassiker The Deep, dêr't de aktrise Jacqueline Bisset yn dûkt yn in nau wyt t-shirt (sûnder bh) en in swart bikinibroekje (dizze kombinaasje fan 'swart/wyt' sjocht men faak werom by dit soarte fan glamourfoto's).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wet T-shirt contests fan Wikimedia Commons. |