't Waar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L defsort
LNo edit summary
Rigel 29:
De namme fan it doarp ferwiist nei in kearslûs (in waar of woar) yn it [[Termunterzijldiep]], dy't yn [[1611]] boud waard en regelje it ôfwetterjen. Om tefoaren te kommen dat de doarpen [[Noardbroek]] en [[Nieuw-Scheemda]], dy't leger leine, lêst krigen fan feanwetter út [[Scheemda]], [[Meeden]] en [[Súdbroek]], waard de bopperin fan it kanaal op fêste tiden ôfsletten.
 
It doarp leit op in ynverzjerêch yn it stik fan de [[DollardDoalert]] dat ynpoldere waard, dat foarme waard troch de ouwerwâl fan de lytse rivier de [[Munter Ae]]. De âldste kearn is ''Molenhorn'', dat op in [[terp]] leit. De nôtmûne waard yn [[1598]] al neamd. De hjoeddeiske doarpskearn leit tusken it Termunterzijldiep en it ''Ol Daipke'', dat yn [[1665]] groeven waard, en ynearsten as farwei nei [[Grins (stêd)|Grins]] ornearre waard, mar it ûnderhâld dêrfan wie suterich.
 
't Waar ûntjoech him om [[1700]] hinne ta in warber hannelsplakje mei in skoalle (1701), in pelmûne (1698) en in grutte middenstân. Ek stie der in grutte bûtenpleats dy't bewenne waard troch de rike famylje Geertsema út [[Grins (stêd)|Grins]] wei. By it [[pachtersoproer]] fan [[1748]] waard de pleats plondere. Op it plak kaam letter de houtseachmûne fan de famylje Van Houten.