Hilligerlee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
LNo edit summary
Rigel 33:
Hilligerlee is in [[lintdoarp]] en leit op ien fan de heechste punten (''[[garst]]en'') fan in sânrêch fan it "Skiereilân fan [[Wynskoat]]". It doarp leit yn de stêdekloft fan Wynskoat en leit dêr dan ek tsjin oan. Benoarden it doarp rint de nije rin fan it [[Wynskoaterdjip]], dat foar [[1954]] besuden it doarp rûn. De âlde rin waard foar it grutste part dimpt. De [[Rykswei 7|A7]] rint ek benoarden it doarp. Bewesten it doarp lizze [[Eexta]]-[[Scheemda]], besuden lizze de [[buorskip]]pen Napels en Tranendal en beëasten leit Wynskoat, dêr't eartiids it buorskip Bovenburen lei. Tusken Heiligerlee en Wynskoat leit de buorren Hessenbril dy't der tuskenyn boud waard.
 
Eartiids hearde Hilligerlee, tegearre mei Wynskoat en Scheemda by de âlde [[Fryske Goaen|Fryske goa]] it [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]], mar nei it ûnderstrûpen fan it lân troch de [[DollardDoalert]], waard it gebiet bewesten de [[Tjamme]] by de âlde Fryske goa it [[Aldamt (regio)|Aldamt]] rekkene.
 
Hilligerlee is hjoed-de-dei in [[Forinsisme|forinzedoarp]]. It hat twa [[basisskoalle]]n en in pjutteboattersplak. De ynwenners winkelje yn Wynskoat en Scheemda.
Rigel 44:
Yn it earste gefal soe it gean kinne om de lytse rivier de [[Rensel]], dêr't it [[Aldfrysk]]e wurd foar "streamen", ''rene'', ferbûn mei it eftrerheaksel ''-ele''("wetterrin"). Dy rivier rûn besuden it kleaster. De namme fan it buordoarp Winsewida tsjut op bosk (''-widu'', ''-wida'' dat "bosk" of "wâld" betsjut).
 
It foarheaksel ''hillig-'' ferwiist nei it [[kleaster]]. HeiligerleeHilligerlee sil dan nei alle gedachten "hillige wetterrin" of "hillich bosk " betsjutte.
 
Der binne dêrnjonken noch in stikmannige ferklearrings wêr't de namme wei komme soe, mar dy komme taalkundich sjoen tekoart oan goed bewiisgrûn. De âlde namme ''Hilligerlee'' soe neffens ien fan dy ferklearrings ôflaat wêze fan ''hill'', en ferwize nei in heuvel of leaver sein in heger stik sângrûn. [[Kornelis ter Laan]] skreau yn [[1954]] dat mei''lee'' "bosk" bedoeld waard, mar skriuwt earne oars dat it "hillige heuvel" betsjutte soe. J. Bergsma skreau yn [[1884]] dat de namme Hilligerlee "grêf fan mûntsen" betsjutte soe, wylst dêr gjin mûntsen, mar nonnen wennen. Neffens A.J. Smith moat it efterheaksel ''-lee'' as ''lei'' of ''leite'', dat "lijte" betsjut, sjoen wurde. Hy ferklearre dat Hilligerlee as "wenplak yn de lijte fan de beammen" lêzen wurde moatte soe.