Keninginne Sjarlotte-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
L red
 
Rigel 1:
[[File:Queen Charlotte Islands Map.png|right|thumb|200px|De Keninginne Sjarlotte-eilannen (Haida Gwaii).]]
De '''Keninginne Sjarlotte-eilannen''' ([[Haida (taal)|Haida]]: ''X̱aayda Gwaay''; [[Ingelsk]]: ''Queen Charlotte Islands''; [[Frânsk]]: ''Îles des Reine Charlotte'') binne in [[arsjipel]] yn 'e [[Stille Oseaan]], dy't in eintsje út 'e westkust fan [[Kanada]] leit en ta de [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsje]] [[Britsk-Kolumbia]] heart. Sûnt [[2010]] is de lânseigen namme fan 'e [[Haida (folk)|Haida]]-[[Yndianen]], stavere as '''''Haida Gwaii''''' (dat "Eilannen fan 'e Haida" betsjut), de offisjele namme fan 'e eilannen. Op 'e arsjipel hearsket in [[seeklimaat]] dat tige liket op it [[klimaat]] oan 'e westkust fan [[Skotlân]].
__TOC__
 
==Geografy==
De Keninginne Sjarlotte-eilannen omfetsje twa haadeilannen, it noardlike [[Graham (eilân)|Graham]] en it súdlike [[Moresby (eilân)|Moresby]], en dêrnjonken likernôch 150 lytsere eilantsjes, dy't mei-inoar in lânoerflak fan 10.180 km² hawwe. De arsjipel wurdt oan 'e eastkant skaat fan it fêstelân fan Britsk-Kolumbia troch de [[Hekatestrjitte]], en oan 'e súdkant fan [[Vancouvereilân]] troch de [[See-ingte fan Keninginne Sjarlotte]]. Yn it noarden skiedt de omstriden [[Dixonyngong]] de eilannen fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Alaska]].