Westerwâldske Aa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Rin: B.L. Tijdenskanaal
L →‎Rin: tsss
Rigel 8:
De rin fan de Ruiten Aa begjint hjoed-de-dei oan de eastlike râne fan [[Ter Apel]]. Dêrnei rint er, yn bytsje kringeljend, nei it noarden. It doarp [[Sellingen]] leit tusken de rivier en de parallel lizzende [[Ruiten Aakanaal]] beëasten it doarp yn. Tsien kilometer nei it noarden rint it wetter tusken [[Vlagtwedde]] en [[Onstwedde]] en rint gear mei de Mussel Aa. Op dat plak begjint de Westerwâldske Aa.
 
Dêrnei rint er troch [[Wedde]] en dan eastlik by [[Blijham]] del. By de [[útbuorren]] [[De Bult (Westerwâlde)|De Bult]] by [[Aldeskâns]] mûnet de [[Pekel A]] yn de rivier út. Dêr wei is skipfeart yn de rivier mooglik. Justjes foafoar [[Bad Nijeskâns]] komt it [[B.L. Tijdenskanaal]] út yn de rivier. Dêrnei rint it rivierke by Bad Nijeskâns del nei it noarden dêr't it yn de [[Doalert]] útmûnet. Fan Bad Nijeskâns ôf foarmet de rivier de ryksgrins tusken Nederlân en Dútslân.
 
Uterdyks, yn de Doalert, wurdt er Bûten Aa of ''Schanskerdiep'' neamd, en rint sa'n 2½ kilometer westlik by de Nederlânske ouwer del, foar't it nei it noarden yn de rjochting fan de ''[[Groote Gat]]'' rint, dat ek ta de rin fan de rivier rekkene wurde kin.