Ter Apel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L [[]]
Rigel 29:
'''Ter Apel''' ([[Grinslânsk]]: ''Troapel'') is it grutste doarp yn de gemeente [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]], yn it goa [[Westerwâlde]] yn it súdeasten fan de [[Provinsjes fan Nederlân|provinsje]] [[Grinslân]]. Der wenje 8.875 minsken (2019). It plak leit oan de provinsjale diken [[Provinsjale wei 366|N366]], [[Provinsjale wei 976|N976]] en [[Provinsjale wei 391|N391]]. Súdlik fan it plak leit it [[Ter Apelkanaal (kanaal)|Ter Apelkanaal]], it Stads-Terapel-Kanaal leit oan de westkant, de [[Ruiten Aa]] is in streamke dat oan de eastkant fan Ter Apel leit. It doarp foarmet de súdpunt fan de [[Semsliny]].
 
Under Ter Apel falle ek de alve [[buorskip]]pen [[Agodorp]], [[Barnflair]], [[Burgemeester Beinsdorp]], De Bruil, [[De Maten]], Hanetange (foar in part), Laudermarke (foar it grutste part), [[Munnekemoer]], Roelage, 't Schot en Ter Haar.
 
Yn Ter Apel wurdt ien fan de grutste karnavalsfeesten fan Noard-Nederlân fierd. In grut part fan de ynwenners is [[roomsk]]. Yn 1953 sleat it roomsk-katolike [[Kleaster Ter Apel]]. Hjoed-de-dei wurdt it âlde tsjerkgebou fan it kleaster brûkt as herfoarme tsjerke.