Content deleted Content added
+
+
Rigel 149:
De populêrste Arabyske goaden, alteast yn 'e [[Hidjaz]], wiene lykwols trije goadinnen: [[al-Lāt]] (dat "de Goadinne" betsjut) en [[al-Oezzā]] ("de Machtige"), dy't harren [[hillichdom]]men yn [[Tayf]] en [[Nachla]] hiene, by Mekka, en [[Manāt]], de [[skikgoadinne]], dy't fereare waard yn [[Kûdaid]], oan 'e [[Reade See]]. Mei syn trijen waarden dy goadinnen ek wol "de dochters fan God" (''banāt Allāh'') neamd. Dat betsjut lykwols net needsaaklikerwize dat der yn it Arabyske heidendom in folslein ûntwikkele panteön bestie mei [[besibskip]]srelaasjes tusken de ûnderskate goaden, mei't de oantsjutting neffens [[godstsjinst]]ûndersikers lykas [[Karen Armstrong]] nei alle gedachten yn [[oerdrachtlike sin]] bedoeld wie. It betsjutte sadwaande wierskynlik eat yn 'e sin fan "godlike wêzens". De trije goadinnen waarden net foarsteld mei natoergetrouwe [[stânbyld|bylden]], mar mei oprjochte stiennen, dy't ek by de âlde [[Kanaän]]iten yn gebrûk wiene foar de tsjinst fan û.o. [[Asjeara]].
[[File:Ares Canope Villa Adriana b.jpg|right|thumb|200px|De [[Grykske mytology|Grykske]] [[oarloch]]sgod [[Ares]].]]
 
===Yndo-Jeropeesk heidendom===
====Hettitysk heidendom====
[[Hettityske mytology|De mytology]] fan 'e [[Hettiten]] hie dúdlike eleminten beholden út 'e [[Proto-Yndo-Jeropeeske religy]], de oerreligy fan 'e foarâlden fan alle folken dy't [[Yndo-Jeropeeske talen]] sprekke, mar stie tagelyk ûnder swiere ynfloed fan 'e [[Mesopotamyske mytology]]. It panteön waard dominearre troch [[Tarhûnt]], de god fan 'e [[tonger]], dy't sterke oerienkomsten fertoant mei û.m. de [[Grykske mytology|Grykske god]] [[Seus]] en de [[Noardske mytology|Noardske god]] [[Thor]]. Oare wichtige goaden wiene [[Telepinû]], de god fan [[fruchtberens]] en de [[lânbou]] dy't in soan fan Tarhûnt wie, [[Hannahannas]], de [[Memmegoadinne]], en [[Kamrûsepa]], de goadinne fan 'e [[tsjoenderij]].
 
====Gryksk heidendom====
De [[Grykske Aldheid|Alde Griken]] [[ferearing|ferearen]] sawol goaden as goadinnen, dy't yn in relatyf strak gearstald [[panteön]] ûnderbrocht wiene. In soad godheden út it [[Grykske heidendom]] waarden letter oernommen en oanpast troch de [[Romeinen]], dy't in folle grutter en losser organisearre panteön hiene. De Grykske goaden spilen, yn 'e mande mei [[healgoaden]] en minsklike [[held]]en, de haadrol yn 'e tige komplekse en goed oerlevere [[Grykske mytology]], dy't neffens [[teolooch]] [[Pascal Boyer]] mear wei hat fan in moderne [[soapsearje]] as de measte [[religy|religieuze stelsels]]. Krekt as yn oare [[heidendom|heidenske]] godstsjinsten wiene de goaden assosjearre mei [[natoer]]ferskynsels, [[emoasje]]s en [[maatskiplik]]e saken.
[[File:NAMA Aphrodite Syracuse.jpg|left|thumb|150px|De [[Grykske mytology|Grykske]] [[leafde|leafdes-goadinne]] [[Afrodite]].]]
 
Ferskate Grykske godheden wiene nei alle gedachten oerlevere út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy, mei't beskate goaden en goadinnen út 'e religyen fan Yndo-Jeropeeske folken dy't [[geografy]]sk sjoen fier by de Griken wei libben, dúdlik fierhinne itselde wiene. [[Eos]], de Grykske goadinne fan 'e [[moarnsdage]], bygelyks, is deselde as de [[Yndo-Aryske talen|Yndyske]] [[Oesjas]], de [[Romeinen|Romeinske]] [[Auroara (goadinne)|Auroara]] en de [[Letlân|Letske]] [[Auseklis]]. [[Seus]], de kening fan 'e goaden yn it Grykske panteön, is deselde as de Romeinske [[Jupiter (god)|Jupiter]], de [[Germanen|Germaanske]] [[Týr|Týr of Ziu]] en de Yndyske [[Dyaus Pita]]. Oare Grykske goaden, lykas de leafdesgoadinne [[Afrodite]], hiene gjin Yndo-Jeropeeske oarsprong, mar wiene troch de Griken oernommen troch buorfolken út [[Anatoalje]].