God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 170:
 
Krekt as by de âlde Griken joegen de goaden ek by de [[Romeinen]] oanlieding ta it hâlden fan [[hjeldagen]], [[feest]]en en [[ritueel|rituelen]] en it bringen fan [[offerritueel|offers]]. Dêroer hiene de ''flamines'' ("[[preester]]s") de lieding, mar ek [[preesteresse]]n, lykas de [[Festaalske Fammen]], stiene by de Romeinen yn heech oansjen om't se yn 'e [[timpel]]s de [[hilligens|hillige]] [[fjoer|fjurren]] [[brân]]ende holden foar de goaden. Fjoer as in foarm fan ferearing wêroan't de status fan hilligens takend waard, kaam ek foar by û.o. de [[Israeliten|Israelityske]] [[jahwisme|jahwisten]] (sjoch: ''[[Leviticus (bibelboek)|Leviticus]]'' 6), de [[Veda's|Vedyske]] [[hindoe]]s en de âlde Grykske heidens. (De [[Olympyske flam]], fan 'e [[Olympyske Spullen]], is dêr in modern oerbliuwsel fan.) De ferearing fan 'e goaden hie by de Romeinen ek in privee-fariant, dy't binnendoar plakfûn mei it bringen fan lytse offerjeften by in privee-[[hillichdom|skryn]] (in ''lararium'').
 
====Keltysk heidendom====
Trochdat de [[Kelten]] ier ta it [[kristendom]] [[bekearing|bekeard]] waarden en sels amper skreaune boarnen neilieten, is der folle minder bekend oer it [[Keltyske heidendom]]. Guon saakkundigen binne fan betinken dat de Kelten hielendal gjin organisearre panteön hiene, wylst oaren tsjutte op oanwizings dat se de monoteïstyske noasje fan ien inkele godheid huldigen, wêrby't de mannichte fan goaden net mear as in [[henoteïsme|henoteïstyske]] utering wie fan 'e ferskillende aspekten fan dy iene god. Foar beide bewearings is net in protte bewiis, en it is dan ek wenst om, stypjend op oare Yndo-Jeropeeske polyteïstyske religyen, it Keltyske panteön yn te dielen mei in oppergod oan it haad, dy't bystien waard troch twa oare wichtige goaden dêr't er in saneamde trits of triade mei foarme. Dy trits bestie út [[Teutases]], de oppergod, [[Esus]], de oarlochsgod, en [[Taranis]], de tongergod. Dy trije goaden waarden lykwols lang net sa skerp faninoar ûnderskaat as de trije wichtichste goaden fan bgl. it [[Germaanske heidendom]]. Oan Teutases, Esus sawol as Taranis waarden [[minske-offer]]s brocht, dy't ornaris troch [[ûnthalzing]] plakfûnen. Teutases hie fierders in foarkar foar [[bloed]]offers en liket by neier ynsjen ek net sasear in [[namme|persoansnamme]] as wol in mear algemiene term te west te hawwen, dy't safolle betsjutte as "stamgod" (ferlykje it [[Iersk]]e ''tuath'', dat "stamkeninkryk" betsjut).
[[File:Tricephale Carnavalet.jpg|right|thumb|180px|[[Lugh]], de [[Ierske mytology|Ierske]] god fan 'e [[sinne]], [[tonger]] en [[wiisheid]].]]
 
Ien fan 'e wichtichste Keltyske goaden dy't net ta de trits hearde, wie de god fan 'e [[skiene keunsten]], dy't ek wol as [[kriger]] nei foarren kaam en dy't troch de [[Ieren (folk)|Ieren]] [[Lugh]] en troch de [[Welsen]] [[Lleu Llaw Gyffes|Lleu]] neamd waard. Fan him binne withoefolle byldsjes bewarre bleaun en ek komt syn namme foar yn in grut tal [[plaknamme]]n, lykas it [[Frankryk|Frânske]] [[Lyon]] en it [[Dútslân|Dútske]] [[Liegnitz]]. Yn [[Ierlân]] is er fral bekend bleaun as de [[hege kening]] fan 'e [[Tuatha Dé Danann]] dy't de [[meunster (wêzen)|meunsterlike]] [[Fomoaren]] fersloech. It liket derop dat er oan 'e ein fan 'e pre-kristlike perioade Teutases ferkrong as oppergod of mei dyselde ferraande.
 
De machtichste froulike godheid wie by de Kelten [[Ardûinna]], de goadinne fan 'e [[jacht (aktiviteit)|jacht]], nei wa't de [[Ardinnen]] ferneamd binne. Ek de fan namme ûnbekende ierd- of memmegoadinne wie tige wichtich, fanwegen de út har fuortkommende [[hillichheid]] fan 'e [[ierde]] sels. Oare wichtige froulike godheden wiene de Grutte Hynstegoadinne, dy't yn [[Galje]] [[Epona]] neamd waard en yn Ierlân [[Rhiannon (goadinne)|Rhiannon]], en [[Nemetona]], de goadinne fan 'e oarloch. De [[Morrígan]] ("Spûke-keninginne"), dy't ek wol bekenstie as ''Bodb'' ("de Kraai"), wie in Ierske goadinne dy't ferbûn wie mei it [[lot (beskikking)|lot]], en yn 't bysûnder mei it [[profesije|foarsizzen]] fan [[ûnheil]] en [[sneuveljen|dea op it slachfjild]]. It Keltyske heidendom koe ek in grut tal lokale godheden, wêrfan't teminsten ien, [[Brigid (goadinne)|Brigid]], in Ierske goadinne fan 'e [[maityd]], [[dichtkeunst]] en [[genêskunde]], it brocht hat ta de status fan [[kristlik]]e [[hillige]]: [[Brigitta fan Kildare|Sint Brigitta fan Kildare]], dy't nei [[Patrick (hillige)|Sint Patrick]] de twadde [[beskermhillige]] fan Ierlân is.
[[File:Odin,_der_Göttervater.jpg|left|thumb|200px|De [[Germaanske heidendom|Germaanske]] god [[Odin]] (of Weda) mei de [[raven]]s [[Huginn en Muninn]] en de [[wolven]] [[Geri en Freki]].]]
 
Oare goaden hawwe troch ôfbyldings yn uterlik en namme de iuwen oerlibbe, lykas de [[dea]]degod [[Sûsellus]] en de [[bosk]]god [[Nantos]], en benammen ek [[Sernûnnos]], dy't [[gewei|hartehoarnen]] hie en sadwaande bydroegen hat oan it ûntstean fan 'e tradisjonele kristlike foarstelling fan 'e [[duvel]]. Hy behearske de ûnderwrâld, mar waard ek as god fan 'e oerfloed beskôge. Al mei al binne der mear as fjouwertûzen nammen fan Keltyske goaden oerlevere, mar it is wierskynlik dat fierwei it grutste part dêrfan pleatslike farianten of manifestaasjes fan wichtiger goaden wiene, lykas Lugh en Taranis. Ek [[healgoaden]] spilen in promininte rol yn it Keltyske panteön. Sa is [[Cú Chulainn]], de grutste [[held]] út 'e [[Ierske mytology]], te ferlykjen mei [[Hearakles]] yn [[Grikelân]]. Hy fersloech bgl. eigenhannich in hiel [[leger]], mar libbe mar koart om't syn fijannen him deaden mei [[tsjoenderij]]. In oare mytyske held út Ierlân wie [[Fionn mac Cumhail]], in kriger mei magyske krêften. De [[Brittanje (provinsje)|Brittannyske]] [[kening Arthur]] liket mooglik in [[histoarysk]]e persoan west te hawwen, mar hy wurdt ek wol sjoen as in lette manifestaasje fan in Keltyske fruchtberensgod, [[Artor de Ploeier]].