God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 226:
De fjouwerhadige Brachma (''Brahmā'') is de personifikaasje fan it ''[[brachman (konsept)|brachman]]'', it iene [[monisme (filosofy)|monistyske]] oerprinsipe, dêr't yn it hindoeïstyske [[tinken]] de hiele kosmos út fuortkommen is. Hy belichemet dêrby de skeppende krêften fan 'e kosmos en is fierhinne [[synkretisme|synkretisearre]] rekke mei de vedyske oppergod Prajāpati. Om't er syn oarsprong fynt yn in neutraal en apersonalistysk prinsipe en fuortkomt út [[filosofy]]ske beriddenearring en net út in natuerlike leauwensûntwikkeling is Brachma nea net in botte populêre god wurden en hat er in posysje dy't sterk tinken docht oan dy fan 'e [[Himelgod]]. Lykwols wurdt er sjoen as de belicheming fan 'e út himsels fuortkommende ivige oergrûn, de lêst oanwiisbere oarsaak fan alles dat bestiet, dat alles is en dat ýn alles is, en dat dêrom hoe dan ek fereare wurdt, likefolle wat of Wa't of hoe't men [[ferearing|ferearet]].
[[File:Shiva statue, Mauritius.jpg|left|thumb|180px|In 33 [[meter|m]] heech [[stânbyld]] fan 'e [[hindoeïsme|hindoeïstyske]] god [[Sjiva]] op [[Mauritsius]].]]
 
[[Wisjnû]] (''Viṣṇu'') dy't de behâldende krêften fan 'e kosmos en dêrmei it [[goed]]e belichemet, wurdt foarsteld as in [[freonskip|freonlike]], goedgeunstige, [[genede|genedige]] god, dy't it bêste mei de minsken foar hat. Hy komt benammentlik fuort út ien fan 'e manifestaasjes fan Varuṇa út 'e ''[[Ṛgveda]]'', dy't sizzenskip hie oer de [[baan (astronomy)|baan]] fan 'e [[sinne]] troch de [[loft]] en oarspronklik fan leger belang wie. Fierders binne der ferskate oare goaden en [[legindarysk]]e figueren mei him ferraand, lykas de [[Nepal]]eeske [[Nārāyana]], guon eigenskippen fan [[Indra (god)|Indra]], en mooglik in pre-vedyske sinnegod. Boppedat wurdt Wisjnû fierders noch identifisearre mei ferskate ek apart besteande legere godheden en mei tsien ynkarnaasjes. Hy wurdt foarsteld as in jongeman mei in [[blau]]we of [[swart]]e [[hûdskleur]] en fjouwer [[earm]]s, sittend yn in [[loatushâlding]]. Yn syn ynkarnaasjes of [[avataar|avataren]] (letterlik "delkomsten") rêdt er kear op kear de wrâld as dy driget te fergean troch in fersteuring fan 'e kosmyske oarder troch itsij de machten fan it [[kwea]], itsij it [[noarmen en wearden|morele ferfal]] fan 'e minsken sels. Sokke avataren binne, [[teology]]sk sjoen, in yngenieuze manear om in fier fan 'e minsken ôfsteande Himelgod foar te stellen as in yn 'e minskewrâld besteande folksgod.
 
De tsien avataren fan Wisjnû binne efterinoar: [[Matsya]], de [[fisk]]; [[Kūrma]], de [[skylpodde]]; [[Vāraha]], it [[everswyn]]; [[Nārasiṃha]], de [[man (sekse)|man]]-[[liuw]]; [[Vāmana]], de [[dwerch (mytysk wêzen)|dwerch]]; [[Paraśurāma]], "Rama-mei-de-Bile"; [[Rama (god)|Rama]] (''Rāma''); [[Krisjna]] (''Kṛṣṇa''); de [[Boeda]]; en [[Kalki]], dy't foarsteld wurdt as in ruter op in wyt hynder. Dy lêste ynkarnaasje hat noch net west en wurdt pas oan 'e [[Ein fan 'e Tiden]] ferwachte, as in soarte fan [[messias]]. De [[soömorfisme|soömorfe]] (bistfoarmige) ynkarnaasjes tsjutte derop dat Wisjnû ek gearraand is mei in foarm fan [[toatemisme|toatemistysk leauwe]], dy't ôfkomstich wêze kin út it pre-vedyske hindoeïsme, mar ek út ien of mear [[natoerreligy]]en fan it [[Yndyske subkontinint]] dy't letter yn it hindoeïsme opnommen binne. De measten fan 'e avataren fan Wisjnû binne mytyske figueren, mar de achtste en de njoggende, Krisjna en de Boeda, en wierskynlik ek de sânde, Rama, wiene [[histoarysk]]e persoanen dy't letter [[fergoading|fergoade]] binne.
[[File:Tripura_sundari_4.jpg|right|thumb|180px|De [[hindoeïsme|hindoeïstyske]] goadinne [[Sjakti]] omjûn troch oare hindoegoaden.]]
 
De [[oarehelte]] fan Wisjnû, de fjouwerearmige goadinne [[Laksjmi]] (''Lakṣmī''), is frijwol altyd oan syn side te finen, en yn 'e foarm fan har eigen ynkarnaasjes oan 'e side fan syn avataren. Sa wie se as [[Sita (goadinne)|Sita]] (''Sītā'') de oarehelte fan Rama en as [[Rada (goadinne)|Rada]] (''Rādhā'') de oarehelte fan Krisjna. Yn har ferearing los fan Wisjnû wurdt Laksjmi ornaris ''Lokamātā'', "de Wrâldmem", neamd.