God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 333:
====Azteekske religy====
[[Azteekske religy|De godstsjinst]] fan 'e [[Azteken]], fan sintraal [[Meksiko]], waard karakterisearre troch een ûnbidich grut [[panteön]] besteande út hûnderten goaden. In soad dêrfan wiene lykwols [[henoteïsme|henoteïstyske]] ynkarnaasjes fan oare goaden, in ferskynsel dat ek yn it [[hindoeïsme]] foarkomt. Oars as yn 'e measte oare religyen waarden de Azteekske goaden oer it algemien net [[antropomorf]], mar earder [[soömorfisme|soömorf]] foarsteld of oars as hybride, tuskenbeiden foarmen. Neffens de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[argeolooch]] [[Timothy Ansoll]] is oer it Azteekske konsept fan 'godheid' lykwols net in protte bekend. Wat oannommen wurdt, is basearre op wat dêroer skreaun is troch [[kristlik]]e [[misjonaris]]sen dy't yn it foarste plak fijannich foar de pre-kristlike religy oer stiene, en fierders skreaune yn in tiid dat de Azteekske religy ferfongen waard troch it [[kristendom]] en dêrom doe al net mear yn syn oarspronklike, poere foarm bestie.
 
Grutte ferearing foel mank de Azteken de [[stjer|astrale]] godheden ta, lykas de [[Moarnsstjer]], en ek de goaden dy't de [[elemint]]en en [[natoer]]ferskynsels fertsjintwurdigen, benammen de [[ierde|ierd]]goadinne [[Coatlicue]], de [[sinne]]god [[Tonatiuh]] en de [[rein (delslach)|reingod]] [[Tláloc]]. De wichtichste godheid fan 'e [[kriich]]shaftige Azteken wie lykwols de wylde [[sinne]]- en [[oarloch]]sgod [[Huitzilopochtli]], waans namme "[[Kolibry]]-[[Tsjoender]]" betsjut. De wichtichste [[frou]]like godheid wie [[Xochiquetzal]], de goadinne fan 'e [[leafde]]. It Azteekske panteön waard fierders foar in diel befolke troch goaden dy't oernommen wiene fan 'e troch harren oerwûne [[folk]]en. Sa kaam [[Quetzalcoatl]], de [[Fearredragende Slange]] en [[skepper-god|skepper]] fan 'e wrâld, fan 'e [[Tolteken]], hie de [[plant]]egod [[Xipe Totec]] syn oarsprong by de [[Misjteken]], en wie [[Tlazolteotl]], de goadinne fan 'e [[fleislike leafde]], eins in godheid fan 'e [[Hûasteken]].
[[File:20041229-Coatlicue_(Museo_Nacional_de_Antropología)_MQ-3.jpg|left|thumb|180px|It [[stânbyld|byld]] fan 'e [[Azteken|Azteekske]] [[ierde|ierd]]goadinne [[Coatlicue]] yn it [[Nasjonaal Museum foar Antropology en Skiednis|Nasjonaal Museum]] yn [[Meksiko-Stêd]].]]
 
De macht dy't sels noch yn 'e [[kristlik]]e tiid oan 'e Azteekske goaden taskreaun waard, wurdt moai yllustrearre troch de hâlding fan 'e [[Meksikanen]] foar de ierdgoadinne Coatlicue oer, dy't plomp foarsteld waard, sûnder holle of minsklike trekken en mei as fersiersels [[slange]]n, [[skedel]]s en ôfskuorde [[hannen]]. Har [[stânbyld|byld]] waard nammentlik yn [[1790]] opgroeven yn 'e [[Zócalo]], it sintrale [[plein]] fan [[Meksiko-Stêd]], mar hastich wer begroeven, út [[eangst]] dat de [[bern (persoan)|bern]] fan 'e [[stêd]] bleatsteld wurde soene oan har 'tsjustere' en noch altyd krêftige [[magy]]. Yn 'e earste jierren fan 'e [[njoggentjinde iuw]] waard it byld op 'e nij opgroeven en ek diskear fluch werbegroeven, want har ferskining wie foar de minsken noch altyd ûnferdraachlik. Letter waard it byld dochs út 'e grûn helle, mar jierrenlang ferburgen holden yn 'e [[universiteit]]. Hjoed de dei, lykwols, is it foar elkenien te sjen yn it [[Nasjonaal Museum foar Antropology en Skiednis|Nasjonaal Museum fan Meksiko]].
 
====Taïno-religy====
De [[Taïno (folk)|Taïno]], de lânseigen bewenners fan [[Porto Riko]], leauden yn in grut tal godheden dy't se ''cemíes'' neamden. Se oanbeaen de measten fan harren troch in har symbolisearjende [[stien]], [[rots]], [[skulp]], of [[hout]]en of [[goud]]en [[stânbyld|byld]] te ferearjen. De heechste god wie [[Yocahú]], de ûnsichtbere [[skepper-god|skepper]]. Nei him wie [[Yukiyú]], de god fan positive machten, de wichtichste godheid. De god [[Jurakán]] regearre de machten fan it [[kwea]] fan 'e [[Lytse Antillen]] ôf, dêr't syn [[grime]] geregeldwei oanwoeks ta in [[orkaan]] (it [[Spaansk]]e [[wurd]] ''huracán'' is fan syn namme ôflaat, en fia it [[Ingelsk]]e ''hurricane'' ek it [[Frysk]]e "orkaan"). De Taïno leauden fierders yn in panteön fan legere geasten, wêrûnder dy fan har [[foarâlden]] en dy fan [[lânskip]]seleminten lykas [[beam]]men, [[rivier|streamen]], [[bergen]] en [[mar]]ren.
[[File:Viracocha.jpg|right|thumb|180px|[[Viracocha]], de [[skepper-god]] fan 'e [[Inka-religy]].]]