Tinktuer (heraldyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L red
Rigel 1:
[[File:Heraldic tinctures.svg|right|thumb|300px|Foarbylden fan tinktueren.]]
In '''tinktuer''' is yn 'e [[heraldyk]] ien fan in beheind tal [[kleur]]en en patroanen. Der wurde yn it heraldysk [[jargon]] trije soarten tinktueren ûnderskaat: de '''kleur''', it '''metaal''' en it '''pelswurk'''. Yn 'e heraldyk wurde fierders foar kleuroantsjuttings oare nammen brûkt as yn it deistich libben (bgl. 'kiel' foar [[read]] en 'sinopel' foar [[grien]]). De needsaak om 'e ferskate tinktueren korrekt te definiëarjen en wer te jaan, is ien fan 'e wichtichste aspekten fan heraldyske [[keunst]] en [[ûntwerp]]. Der besteane sadwaande ôfspraken oer hokker [[tint]] oft de kleuren krekt hawwe, hoe't de patroanen derút sjogge en hoe't men kleuren mei [[arsearring]] werjaan moat yn in [[tekening]] fan in [[wapen (heraldyk)|wapen]] dat net ynkleure is.