Dei fan it Oardiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 11:
* [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 10:15. "Dit sis Ik jimme: foar Sodom en Gomorra sil it op 'e oardielsdei better út te hâlden wêze as dy stêd".
* Mattéus 11:22. "Ja, Ik sis jimme, foar Tyrus en Sidon sil it op 'e oardielsdei better út te hâlden wêze as foar jimme".
* Mattéus 12:36,37. " Mar Ik sis jimme: fan elk hol wurd dat de minsken sizze, sille se rekkenskip jaan moatte op oardielsdei. Op grûn fan jins wurden sil men by de goeden rekkene wurde, op grûn fan jins wurden sil men feroardiele wurde".
fan jins wurden sil men by de goeden rekkene wurde, op grûn fan jins wurden sil men feroardiele wurde".
* [[2 Petrus]] 2:9. "Sa wit God ek de fromme minsken út 'e besiking te rêden, en dy't ferkeard binne te straffen en fêst te hâlden foar de dei fan it oardiel".
* 2 Petrus 3:7. "De himel en ierde fan no binne troch itselde wurd bewarre om ferbaarnd te wurden de deis fan it oardiel".
Line 32 ⟶ 31:
[[Dispensasjonalisme|Dispensasjonale]] premilennialisten leauwe oer it algemien dat de tsjerke en Israel faninoar skaat binne en leauwe ek dat Jezus weromkomt foar de grutte benearing plakfynt. Dêrnei sil er foar in twadde kear weromkomme.
 
== Yn it joadendom ==
Yn it [[joadendom]] besteane der ferskate ideeën oer de oardielsdei. Guon binne fan betinken dat der sa'n dei wêze sil nei de opstanning fan de deaden. Oaren tinke dat it oardielen bart nei't der immen ferstoarn is. Wer oaren tinke dat de oardielsdei allinnich foar net-Joadske minsken fan tapassing is.
 
== Yn de islaam ==
Neffens de [[islaam]] is ''Yawm al-Qiyāmah'' ([[Arabysk]]: ''يوم القيامة''‎ "de Dei fan de Opstanning") of ''Yawm ad-Din'' (Arabysk]]: ''يوم الدين''‎ "de Dei fan it Oardiel") it lêste oardiel fan God oer de minskheid. De folchoarder fan de foarfallen binne de ferneatiging fan alle skepsels, opstanning fan it lichem, en it oardielen fan elts bewustwêzend skepsel. In elts wurdt beleane of feroardiele foar syn hanneljen.
 
It presize stuit wit gjinien fan ôf, mar der sille grutte en lytse tekens ferskine, dy't justjes foar de tiid fan ''Qiyammah'' (eintiid) barre sille. Der wurdt leaud dat foar ''Qiyammah'' twa gefaarlike en kwea-aardige stammen, ''Yajuj'' en ''Majuj'' ([[Gog en Magog]]) frijlitten wurde. Oare tekens binne it sketterjen fan de earste trompet troch de [[aartsingel]] [[Israfil]], en it kommen fan genederein dy't feroarsaakje sil dat minsken fan in lyts stikje fan harren sturtbonke waakse sille dy't nea fergean sil, sels net yn it grêf. In soad fersen yn de [[koraan]], benammen de eardere, neame in soad oer it neioan wêzen fan de Dei fan de Opstanning.
 
It leauwen yn de Dei fan it Oardiel is fan krúsjaal belang foar alle [[moslim]]s. It is ien fan de seis [[pylders fan it leauwen]] yn de islaam. De tiid fan benearing is beskreaun yn de koraan en de [[hadith]]. Eltse minske, moslim en net-moslim, sil troch God beoardiele wurde.
 
== Yn it bahaïsme ==
Neffens de [[Báb]] en [[Baha'u'llah]], de stifter fan it [[Bahaïsme]] is der mar ien trochrinnende religy fan God dêr't om de tûzen jier der in boadskipper of [[profeet]], ''Rasul al-Nabii'' (troch bahaïsten de [[Manifestaasje fan God]] neamd) op ierde komt en fernij it [[Keninkryk fan God]] op ierde en stiftsje in nij ferbûn tusken God en de minske. Eltse kear dat der in Manifestaasje fan God komt, wurdt it as de Dei fan it Oardiel, Dei fan de Opstanning of de "Lêste Oere" beskôge foar de leauwigen en net-leauwigen fan de foarige Manifestaasje fan God.
 
Neffens it Bahaïsme is it kommen fan de Báb de foarseine ''[[Mahdi]]'', en it kommen fan Baha'u'llah it weromkommen fan Jezus troch syn iepenbiering, dy't de Dei fan it Oardiel betsjut sa't dy troch [[Mohammed]] foarsein waard en de Dei fan de Opstanning sa't dy troch de [[Bayan]] foarsein waard.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Last_Judgment ''References'', op dizze side].
* [http://www.eindtijd.nl/ www.eindtijd.nl/]
----
{{commonscat|Last_Judgment}}
}}
 
[[Kategory:Kristlike eskatology]]