Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 61:
Neffens Joadske wet mochten liken nachts en op Sabbat net hingjen bliuwe. Op fersyk fan de Joaden waard de dea fan de oare twa feroardielden ferhastige troch harren fuotten te brekken, sa't se dêr net mear op stypje koene. Dat barde net by Jezus, om't dy al ferstoarn wie.
 
=== De begreffenisbegraffenis fan Jezus ===
It lichem fan Jezus waard dêrnei, troch [[Joazef fan Arimatéa]], dy't in rike Joad wie, mei help fan [[Nikodémus]], fan it krús helle, en doe waard it lichem fan krûden en wynsels foarsjoen en yn in priveegrêf fan Joazef fan Arimatéa, dy't net brûkt wie, brocht. Der waard in grutte stien foar de grot rôle en dy waardfersegelewaard fersegele. De Joadske Hege Rie frege oan Pilatus oft der beweitsing by it grêf wêze koe, en Pilatus stjoerde guon Romeinske soldaten om it grêf te beweitsjen.
 
=== De opstanning ===
Rigel 77:
Nei dy lêste miel naam Jezus ôfskie fan de dissipels en joech harren de opdracht syn blide boadskip fan it ferjaan fan sûnden troch syn dea en opstanning, dêr't in nij ferbûn tusken God en de minske makke waard, oer gâns de wrâld te fersprieden, en hy sei harren ta dat Er [[Weromkommen fan Jezus|werom komme]] soe. Dêrnei stuts Er de hannen omheech en segene harren en doe ferfear Er omheech nei de himel.
 
== Iere Kristendom ==
Nei it libben fan Jezus wiene de [[apostel]]s, sa't se beskreaun steane yn it boek [[Hannelingen fan de Apostels]], allegear [[Joaden]] troch berte of bekearing, en wurde troch skiedkundigen ferwiisd as Joadske kristenen. It [[evangeelje]] waard ynearsten mûnling ferspraat, nei alle gedachten yn it [[Arameesk]], mar ek al rillegau yn it [[Gryksk]]. De boeken Hannelingen fan de Apostels en de [[Brief oan de Galaten]] yn it [[Nije Testamint]] neame dat de earste kristlike mienskip fêstige wie om [[Jeruzalim]] hinne en de lieders wiene ûnder oaren [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Jakobus de Rjochtfeardige]] en [[Jehannes (apostel)|Jehannes]].
 
Nei't [[Paulus (apostel)|Paulus]] him bekearde, hie er de measte ynfloed op it kristlike tinken, mear as de oare skriuwers. Oan de ein fan de [[earste iuw]] waard it [[kristendom]] fan binnen en om utens as in selsstannige religy fan it [[joadendom]] sjoen, dy't himsels ek fierder ûntjoech him nei de ferneatiging fan de [[Twadde Tempel]].
 
Ferskate teksten yn it Nije Testamint en oare kristlike skriften fan de earste iuwen jouwe oan dat iere kristenen yn it algemien de [[Hebriuwske Bibel]] oanhellen en dêrnei ferwiisden foar religieuze teksten, almeast yn de Grykske ([[Septuaginta]]) en Arameeske ([[Targum]]) oersettings.
 
Iere kristenen skreaune in soad, sa as bygelyks de [[kanonike evangeeljes]]. Dy evangeeljes waarden de wichtichste boarnen foar skiedkundigen en ûndersykje de histoaryske Jezus en hillige skriften fan it kristendom, dy't nei alle gedachten skreaun waarden tusken [[50]] en [[120]] nei Kristus.