Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 105:
Yn it Nije Testamint wurdt kwealk oer it uterlik fan Jezus sprutsen, allinnich dat er opwoeks ta in krêftige jongfeint. Under de [[Joaden]] is it ferbean en meitsje ôfbylden en sadwaande binne der ûnder de iere kristenen, dy't doe faak noch bekearde Joaden wiene, gjin ôfbylden oerlevere. Yn de ierkristlike keunst, sa as bygelyks yn de [[katakombe]]n en ierromeinske tsjerken, wurdt er gauris ôfbylde as de goede hoeder mei in glêdskeard gesicht, as [[Apollo (god)|Apollo]], in strielende jongfeint mei in wyt klaad. Dat wie lykwols ornaris net de gewoant ûnder Joadske manlju dy't om de [[earste iuw]] hinne libben.
 
Fan likernôch de [[sechdesechsde iuw]] ôf komt der in soarte fan standert yn it ôfbyldzjen fan Jezus, en ferskynt de Jezus dy't hjoed-de-dei noch almeast brûkt wurdt: in Jeropeesk sjoch man mei in fol burd en snor mei heallang hier. Neffens hjoeddeistich ynsjoch fan [[skiedkundige]]n hiene Joadske manlju yn de earste iuw yndie harren burd en hier op dy manier, mar syn hûdskleur moat sa as dy fan de folken yn it [[Midden-Easten]] west hawwe. Foar dejingen dy't it [[Lykklaad fan Turyn]] as autentyk beskôgje, lit de dêrop oanwêzich ôfbyld fan Jezus sjen dat er reedlik lang wie foar dy tiid (180-190 sm) en krêftich fan stal wie. It gesicht liket in soad op it tradisjonele ôfbyld fan Jezus, mar oft Jezus der yn werklikheid sa útsjoen hawwe soe, is net nei te gean.
 
Der waard yn 2010 yn de opdracht fan de [[History Channel]] besocht en rekonstruearje it uterlik fan Jezus, dêr't de lêste [[software]]techniken by brûkt waarden. It ôfbyld op it Lykklad fan Turyn waard as boarne brûkt.