Fâdij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
{{Trochwiisd synonym|Fâd|fâd (betsjuttingsside)}}
'''Fâdij''' is yn it [[famyljerjocht]] de [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] tusken in (foar de [[wet]]) hannelingsûnbekwame [[minderjierrigens|minderjierrige]] en in hannelingsbekwame [[minske|persoan]] of [[rjochtspersoan]] (de '''fâd''') dy't foar him of har en syn of har hanneljen en besittings ynstiet. Ornaris hawwe de [[âlden]] de fâdij oer harren [[bern (persoan)|bern]]; âlderlike fâdij hjit yn [[Nederlân]] [[wet]]lik (en is dus [[synonym]] mei) it '''âlderlik gesach'''.
 
As âlden [[skieding (houlik)|skiede]], wurdt it âlderlik gesach oer de bern faak ta striidkwestje makke. Yn 'e [[media]] en it deistich spraakgebrûk wurdt dêrby ornaris fan 'fâdij' sprutsen, mar dat is wetlik sjoen net de juste term. Yn sokke gefallen beslist meastal de [[rjochter]] (of komme de âlden ûnderling ta oerienstimming) om it âlderlik gesach te dielen, wêrby't lykwols de bern by ien fan 'e âlders har haadferbliuw hawwe. Yn útsûnderlike gefallen, bgl. as der sprake is fan [[bernemishanneling]] of [[bernemisbrûk]], kin ien fan 'e âlden (of beide) út it âlderlik gesach set wurde.