Geastlike besetting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]] oars
Rigel 1:
'''Geastlike besetting''' is in oantsjutting foar it leauwe dat [[geast]]en, [[demoanen]] of [[goaden]] besit nimme kinne fan it [[minsklik lichem|lichem]] fan in [[minske]] (of [[bist]]). De besettende geast kin dan bepale wat de oangeande persoan docht en [[spraak|seit]], wat ta fersteuring fan it normale [[hâlden en dragen]] liede kin. In minder fiergeande foarm fan geastlike besetting is 'bûnens', wêrby't de oangeande persoan net beset wurdt troch de geastlike entiteit, mar der dochs yn beskate mjitte troch beynfloede wurdt. It bestean fan geastlike besetting spilet in rol yn in grut tal [[godstsjinsten]], wêrûnder it [[kristendom]], it [[boedisme]], it [[hindoeïsme]], de [[islaam]], [[voodoo]], [[wicca]] en [[natoerreligyen]] út [[Súdeast-Aazje]], [[Afrika]] en de [[Amearika's]]. In [[wittenskiplik ûndersyk]] út [[1969]], dat útfierd waard troch it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[National Institute of Mental Health]], wiisde út dat geastlike besetting ûnderdiel is fan 74% fan 'e ûndersochte 488 [[kultuer]]en út alle [[wynstreken]] fan 'e wrâld. De moderne [[wittenskip]] erkent it bestean fan geastlike besetting net, mar is ynstee fan miening dat it yn gefallen dy't dêrfoar oansjoen wurde oer it algemien giet om lju dy't lije oan [[geastlike sykte]]n lykas [[skizofreny]] of [[psychopaty]], of oan [[minsklik lichem|lichaamlike]] [[oandwaning]]s as [[epilepsy]] of it [[syndroom fan Down]].
__TOC__
 
==Frijwillige of ûnwillige besetting==
Ofhinklik fan 'e kontekst kin in geastlike besetting plakfine mei goedkarring fan 'e belutsen persoan of tsjin syn of har wil. Dêrmei gearhingjend kin it foardielige of neidielige gefolgen hawwe foar de belutsen persoan. As de besetting plakfynt mei ynstimming of op inisjatyf fan 'e belutsen persoan, giet it faak om in [[sjamaan]], [[preester|preester(esse)]] of [[medium (persoan)|medium]] dy't syn of har lichem tydlik 'útlient', faak oan 'e geast fan in [[ferstoarne]] persoan. It doel fan sa'n [[ritueel]] is ornaris dat in [[foarâlder]] of in oare ferstoarne oer it iene of oare befrege wurde kin. By [[orakel]]s soe de orakelgeast besit fan it lichem fan in preester of preesteresse nimme om in [[wiersizzerij|foarsizzing]] te dwaan. Yn sokke omstannichheden komt geastlike besetting by [[froulju]] mear foar as by [[manlju]].