Julius Agrikola: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L st
Daam (oerlis | bydragen)
L →‎Skiednis: tekstoanpassing
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Agrikola waard berne yn 40 n. Kr. yn Forum Julii ([[Fréjus]]). Syn heit wie senator en syn mem in ûntwikkele frou, dy't him nei Grykske skoallen yn Marseille stjoerde. Syn karriêre begûn al op jonge leeftyd as ofsier yn it leger. Hy tsjinne ynnearsten yn Brittanje (58-61) en dêrnei noch in skoft yn [[Aazje]]. Nei in bestjoerlike funksje yn Rome folgekrige er it befelskiptbefel fanoer it leger yn Brittanje (70-74) en dêrnei it gûverneurskip fan earst Akwitaanje (Súdwest-Frankryk) en dêrnei Brittanje (77-83).
 
Yn Brittanje wreide Agrikola de Romeinske macht sterk út. Troch keizer [[Fespasianus]] konsul makke, oermastere hy Noard-[[Wales]] en [[Anglesey]] (78), en loek dêrnei yn noardlike rjochting troch [[Ingelân]] en besette súd-[[Skotlân]] (fan 80 ôf), en boude in rige fan forten tusken de [[Firth of Forth]] en de [[Firth of Clyde]]. Yn de [[Slach by Mons Graupius]] (sa. 84) fersloech hy de Kaledoanjers. Agrikola stjoerde in float út dy't om Brittanje hinne fear en de [[Orkneys]] ûntdekte. Yn [[85]] waard hy werom roppen nei [[Rome (stêd)|Rome]]. Under de paranoide wurdende keizer [[Domitianus]] krige Agrikiola net mear in wichtich kommando.
Rigel 9:
Agrikola stiet yn de skiednis bekend as ien fan Rome syn bêste generaals. Utsein de oermastering fan sawat hiel Brittanje hie hy ek de hân yn it begjin fan de romanisearring fan dizze nije provinsje. Op syn inisjatyf waard in protte boud en wegen oanlein. Ek yn fredestiid wie hy in goed lieder.
 
Agrikola hat syn bekendheid foar in grut part te tankjen oan de biografy, dy't troch de histoarikus [[Tasitus]], syn skoansoan, skreaun is.
 
==Boarne==