Fenysje: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
→Skiednis: red |
||
Rigel 36:
=== Oarsprong ===
De [[Kanaän]]ityske kultuer, dêr't de Fenysyske kultuer fan ôfstammet, ûntwikkele himsels yn de [[kopertiid]]. [[Byblos]] is in archeologysk fynplak fan de iere [[brûnstiid]]. De stêd [[Ugarit]] is in archeologysk fynplak fan de lette brûnstiid, en wurdt archeologysk sjoen ta Kanaän rekkene, dochs heart de Ugarityske taal net ta de [[
Guon [[skiedkundige]]n tinke dat der bewiis is foar in [[Semiten|Semitysk]] fersprieden oer de [[Fruchtbere Healmoanne]] om sa'n [[2500 f.Kr.]] hinne, wylst oaren tinke dat de Fenysjers in mingsel binne fan de eardere net-Semtyske bewenners mei de Semityske nijkommers. [[Herodotus]] leaude dat de Fenysjers fan oarsprong út [[Bachrein]] ôfkomstich wiene, itjinge de lettere skriuwer [[Strabo]] it ek mei iens wie. Genetysk ûndersyk hat lykwols sjen litten dat de Libanezen fan hjoed-de-dei fan in befolking, dy't besibbe oan de Kanaäniten wie, ôfstamje.
=== Bloeitiid ===
Der waard mear oer Fenysje bekend troch de bemasterings fan it gebiet troch [[farao]] [[Tûtmosis III]] (1479-1425 f.Kr.). De Egyptners foelen de havenstêden Byblos, Arwad en Ullasa oan om't dy krúsjale ferbinings mei it efterlân (troch de rivieren de [[Nahr al-Kabir]] en de [[Orontes]]) hiene. Dy stêden joegen Egypte tagong ta de hannel mei [[Mesopotaamje]], en tagong ta in grutte hoemannichte [[seder]]hout yn it gebiet. Yn it midden fan de [[
De [[Amarna brieven]] neame dat fan 1350 oant 1300 f.Kr. de buorlju fan de Fenysjers, de [[Amoriten]] en [[Hettiten]], Fenysyske stêden oanfoelen, benammen yn it noarden. Egypte ferlear syn greep op de kuststripe fan Ugarit, yn noardlik Syrje, oant Byblos yn Mid-Libanon.
Rigel 47:
Yn it tiidrek fan de [[ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid]], tusken 1200 oant 1150 f.Kr., ferswakten en stoarten de measte beskavings fan dy tiid yn, lykas dy fan de Egyptners, de Hettiten en [[Mysene|Myseensk Grikelân]]. De Fenysyske beskaving oerlibbe dy stoarm en kaam lykwols om [[1230 f.Kr.]] hinne op en ûntjoech him fluch dêrnei. Dat tiidrek wurdt ek wol de "Fenysyske renêssanse" neamd. De Fenysjers waarden de wichtichste hannelers en seemacht yn de omkriten en soene dat foar de folgjende iuwen bliuwe.
Hja waarden de wichtichste hannelers yn it [[Middellânske See]]gebiet en stiften yn de [[tsiende iuw f.Kr.]] fannijs de lange hannelsrûte tusken Egypte en Mesopotaamje. Al yn de iere [[izertiid]] stiften de Fenysjers havens, warehuzen, merken en delsettings oan de kusten fan it Middellânske Seegebiet en
Yn dy tiid waard Tyrus de rykste en machtichste Fenysyske stêdsteat, benammen ûnder de hearskippij fan [[Hiram I]] (969-936 f.Kr.) en [[Itobaal I]] (887-856 f.Kr.
Yn de lette izertiid, tusken 750 en 650 f.Kr. wie de Fenysyske skipbou, hannel en kultuer op syn hichtepunt. De Fenysyske ynfloed oer it Grykske "easten" wie frij grut. Harren meast hannele produkt wie fijn tekstyl, ornaris kleure mei Tyrysk poarper. De ''[[Ilias]]'' fan [[Homearus]], dy't yn dy tiid skreaun waard, ferwiisde gauris nei de kwaliteit fan de Fenysyske kleaun en metalen reauwen.
|