Fenysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 35:
Der is net in soad fan Fenysysk skriuwen en literatuer oerlevere. Itjinge dat bekend oer harren is, komt fan boarnen om utens, sa as fan oare beskavings, en fan [[archeology]]sk ûndersyk
 
<br>
=== Oarsprong ===
De [[Kanaän]]ityske kultuer, dêr't de Fenysyske kultuer fan ôfstammet, ûntwikkele himsels yn de [[kopertiid]]. [[Byblos]] is in archeologysk fynplak fan de iere [[brûnstiid]]. De stêd [[Ugarit]] is in archeologysk fynplak fan de lette brûnstiid, en wurdt archeologysk sjoen ta Kanaän rekkene, dochs heart de Ugarityske taal net ta de [[Kanaänityske talen|Kanaänityske taalfamylje]].
Line 42 ⟶ 41:
 
=== Bloeitiid ===
[[Ofbyld:PhoenicianTrade.png|thumb|300px|Fenysyske hannelsrûtes]]
Der waard mear oer Fenysje bekend troch de bemasterings fan it gebiet troch [[farao]] [[Tûtmosis III]] (1479-1425 f.Kr.). De Egyptners foelen de havenstêden Byblos, Arwad en Ullasa oan om't dy krúsjale ferbinings mei it efterlân (troch de rivieren de [[Nahr al-Kabir]] en de [[Orontes]]) hiene. Dy stêden joegen Egypte tagong ta de hannel mei [[Mesopotaamje]], en tagong ta in grutte hoemannichte [[seder]]hout yn it gebiet. Yn it midden fan de [[fjirtjinde iuw f.Kr.]] waarden de Fenysyske [[stêdsteat]]en [[fazalsteat]]en fan Egypte. [[Tyrus]], [[Sidon]], [[Beirût]] en [[Byblos]] waarden de wichtichste stêden. De Fenysjers hiene in soad autonomy en harren stêden wiene gegoed en goed ûntwikkele. Byblos wie de wichtichste stêd bûten Egypte en wie in mulpunt fan it meitsjen fan [[brûns]]. Sidon en Tyrus krigen ek in soad belangstelling fan de Egyptners en sa ûntstie der stadichoan in ûnderlinge striid tusken de stêden.
 
Line 58 ⟶ 57:
{{Apart|Kartago}}
Kartago waard stifte troch Fenysjers fan Tyrus, nei alle gedachten as in tuskenstop fan de metaalhannel mei it [[Ibearysk skiereilân]]. De namme fan de stêd yn [[Punysk]] ''Qart-Ḥadašt'' (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕‎), betsjut "Nije Stêd". Guon boarnen, sa as dy fan [[Filistos fan Sisylje]], wolle hawwe dat Kartago om [[1215 f.Kr.]] hinne stifte waard, far de [[Trojaanske Oarloch|fal fan Troaje]]. De Grykske skriuwer [[Timeüs fan Tauromenium]], om [[300 f.Kr.]] hinne, oppenearre dat Kartago yn [[814 f.Kr.]] stifte waard, itjinge oannaam wurdt troch de measte hjoedddeistige skiedkundigen. Kartago woeks út ta in multy-etnysk ryk, dat grutte parten fan [[Noard-Afrika]], [[Sardynje]], [[Sisylje]], de [[Balearen]], [[Malta]] en súdlik [[Ibearje]] omfiemje soe. It ryk waard yn de [[Punyske Oarloggen]] (264-146 f.Kr.) troch de [[Romeinske Republyk]] ferneatige en Kartago waard dêrnei fannijs opboud as in Romeinske stêd.
 
=== Under Assyrje en Babyloanje ===
De Fenysjers wiene in hannelsmacht mei in smelle stripe lân oan de kust. Dêrtroch wie it lân net grut genôch en hiene se net genôch manlju en foarmje in grut leger. Doe't oanswettende lannen machtiger waarden, kamen de Fenysjers ûnder de hearskippij fan hearskers om utens.
 
De [[Assyryske Ryk|Assyryske]] bemastering fan Fenysje sette útein ûnder kening [[Salmanasser III]], dy't yn [[858 f.Kr.]] oan de macht kaam en dy't mei in stikmannich kampanjes tsjin oanswettende lannen úteinsette. De Fenysyske stêdsteaten kamen ûnder syn hearskippij en moasten hege belestings, yn jild, guod, en grûnstoffen, oan him betelje. Ynearsten bleaune se fazalsteaten fan de Assyrjers. Dat feroare ûnder kening [[Tiglat-Pileser III]] yn [[744 f.Kr.]] Yn [[738 f.Kr.]] waard it grutste part fan de Levant, mei noardlik Fenysje ynbegrepen, anneksearre. Allinnich Tyrus en Byblos, de machtichste stêdsteaten, bleaune as fazalsteaten bestean en bûten streekrjocht Assyrysk bewâld.
 
Tyrus, Byblos en Sidon kamen yn opstân tsjin de Assyrjers. Yn [[721 f.Kr.]] belegere [[Sargon II]] Tyrus en sloech de opstân del. Syn opfolger [[Sanherib]] sloech fierdere rebûljes del yn it gebiet. Yn de [[sânde iuw f.Kr.]] bleau Sidon de Assyrjers bestriden, mar waard ta einbeslút folslein ferneatige, en syn befolking waard ta slaven makke. Op it plak fan de ruïne waard in nije stêd boud. Oan de ein fan dy iuw rekke it Assyryske Ryk ferswakke troch in stikmannich opstannen, dat ta it ferneatigjen fan harren ryk troch it [[Medyske Ryk]] late.
 
[[Babyloanje]], dat in fazalsteat fan it Assyryske Ryk wie, makke gebrûk fan it neigean fan it Assyryske Ryk en de Babyloanjers stiften al rillegau it [[Nij-Babyloanyske Ryk]]. De Fenysjers kamen yn ferwar tsjin de Babyloanjers, mar kening [[Nebûkadnêzer II]] belegere Tyrus yn [[587 f.Kr.]] trettjin jier lang. Ta einbeslút joech dy him oan de kening oer.