Twadde Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Twadde Punyske oarloch omneamd ta Twadde Punyske Oarloch fan de trochferwizing: hjir wol in haadletter
L Kartaagsk --> Kartaachsk
Rigel 1:
[[Ofbyld:Second_Punic_War_full-nl.svg|thumb|right|300px|Kaart mei de KartaagskeKartaachske fjildtochten en de wichtichste slaggen tidens de kriich. ]]
De '''Twadde Punyske oarlochOarloch''' ([[218 f.Kr.]] - [[201 f.Kr.]]) tusken [[Romeinske Republyk|Rome]] en [[Kartago]] wie foar Rome de kostberste fan de trije [[Punyske oarloggen]], dy't Rome oan de râne fan de ôfgrûn brocht. Wie de earste[[Earste Punyske oarlochOarloch]] fral in maritime, dêr't de Romeinen foar de earste kear ûnderfining opdienen mei seeslaggen, de twadde waard alhiel op lân útfjochte, dêr't folle gruttere tallen striders by belutsen wienen en dus ek gruttere ferliezen liede wurde koenen. Der binne twa ferslaggen oer de kriich bewarre bleaun, ien fan [[Livius]] en ien fan [[Polybius]].
 
== Oanlieding ==
It konflikt wie it gefolch fan de oanhâldende rivaliteit tusken de eardere [[Foenysjers|Foenysyske]] koloanje [[Kartago]], dy't har ûntwikkele hie ta in foaroprinnende grutmacht yn de westlike helte fan de Midslânske See, en de [[Romeinske Republyk]], dy't har yndertiid noch beheinde ta it [[Itaalje|Italjaanske skiereilân]] en de eilannen Sisylje, Sardynje en Korsika.
De rivier de [[Ebro]] yn [[Spanje]] markearre de grins tusken de Romeinske en de KartaagskeKartaachske ynfloedsfear.
 
De direkte oanlieding foar de kriich wie strideraasje tusken Rome en Kartago oer de stêd [[Saguntum]], te suden fan de Ebro. Rome ferwurf sizzenskip oer de stêd, troch in ferdrach mei har te sluten. Neffens de Kartagers wie dat yn striid mei de ynfloedsfearen fan beide grutmachten en hja belegeren en oermasteren de stêd ûnder leiding fan de KartaagskeKartaachske generaal [[Hannibal Barkas]], wêrnei't Rome de oarloch oan Kartago ferklearre.
 
== Oanfal oer lân fia de Alpen ==
Yn de [[Earste Punyske oarlochOarloch]] hie Kartago syn oarlochsfloat ferlern en Hannibal moast in oar plan betinke om Rome oan te fallen. Hy besleat om Itaalje fia de [[Alpen]] oan te fallen, mei in hiel grut leger dat û.o. oer 42 oaljefanten beskikte. Nei in drege tocht oer de [[Pyreneeën]], de [[Rône (rivier)|Rône]] en de Alpen ([[Col du Mont Cenis]]), wêrby't in grut part fan it leger ferlern gie, kaam hy op de [[Poflakte]] yn Noard-Itaalje. Ynearsten brocht hy de Romeinen in tal ferskuorrende nederlagen ta, wêrûnder de [[slach by de Trebia]], de [[slach by de Trasimeenske mar]] en benammen de [[Slach by Cannae]], dêr't 8 [[legioen]]en ferneatige waarden en 48.000 Romeinen yn sneuvelen. Hannibal wie op dat stuit net te ferslaan en op grûn fan syn oerwinnings hat er letter it predikaat fan ûnbeslist en superieur fjildhear krige. Wat lykwols ek bydroech oan syn súksessen wie it feit dat guon fan de bûnsmaten fan Rome yn Itaalje en de krekt ferovere Gallyske gebieten op de Poflakte de strange Romeinske oerhearsking sêd wiene en oerrûnen nei de Kartagers.
 
Rome stie nei de ramp by Cannae yn [[216 f.Kr.]] oan de râne fan de ôfgrûn. Neffens Titus Livius soe de kommandant fan de ruterij Hannibal advisearre hawwe om fuortendaliks troch te setten nei Rome. Mar fanwege it hege tal ferwûnen en deaden yn it KartaagskeKartaachske leger, keas Hannibal foar in oare strategy. Utsein de stêden [[Capua]] en [[Tarente (stêd)|Tarente]] bleau it meastepart fan de Italjaanske stêden trou oan Rome.
 
== Omkear yn de kriich ==
Rigel 17:
Op advys fan de feteranen út de [[Earste Punyske Oarloch]] beneamt de Romeinske senaat [[Kunktator]] út har midden as [[diktator]] (lieder). Kunktator makket fan [[Skipio Afrikanus]] syn wichtichste generaal. De taktyk tsjin de Kartagers feroaret. Net langer wurdt Hannibal streekrjocht oanfallen, mar syn basis yn Spanje wurdt it doel, dêr't hy syn farske troepen en foarrieden wei hellet. Skipio wurdt mei dizze taak belêste en nei in ynearsten wifeljend offinsyf komt de ferovering goed op gong. De befelhawwers fan de Kartagers yn Spanje wienen net sa briljant as [[Hannibal Barkas]] en Skipio wist de ûnderlinge ûnienigens fan dy befelhawwers en in opstân by harren Numidyske bûnsmaten te brûken yn syn foardiel. Boppedat hienen de Romeinen nochal wat súkses mei it foar har winnen fan de Ibearyske bûnsmaten fan de Kartagers.
 
Yn Itaalje setten de Romeinen ûnderwilens in ôfmêdingskriich útein. Se mije streekrjochte konfrontraasjes mei it leger fan Hannibal en lizze swiere straffen op oan de 'ferriedlike' stêden en bûnsmaten en ferliene steun oan stêden dy't almeast omé nocht belegere waarden troch Hannibal, dy't oan in belis fan de Romeinske haadstêd nea takaam wie. Yn de rin fan 15 jier kriichfieren krongen de Romeinen Hannibal lang om let yn it definsyf, fral doe't hy fan Spanje en Kartago ôfsnien rekke. Nei de beslissende oerwinning fan de Romeinen yn de [[Slach by Ilipa]] in Spanje, yn [[206 f.Kr.]] wienen de rollen omkeard. De Romeinen stutsen oer nei [[Afrika]] en fersloegen it KartaagseKartaachske leger yn in twatal slaggen en omsingelen de stêd Kartago.
 
== Ein fan de Kriich ==
De KartaagskeKartaachske elite besiket te ûnderhanneljen mei de Romeinen mar rôp ûnderwilens ek Hannibal nei Afrika werom. Tichteby de haadstêd waard hy lykwols ferslein yn de [[Slach by Zama Regia]]. Troch dizze lêste nederlaach waarden de Kartagers twongen om echte fredesûnderhannelings te begjinnen. Hannibal flecht nei Syrje en waard de rest fan syn libben troch de Romeinen efterfolge, oant hy yn [[Bitynje]], fier fan syn heitelân yn 183 f.Kr. himsels te koart die om finzennimming troch de Romeinen te foarkommen.
 
De oarloch wie troch Kartago ferlern en har ynfloed stevich beheind. Allinnich Noard-Tuneezje bleau fan de Kartagers en sy moasten har ûnder it bewâld fan de Romeinen skikke. Sels in eigen leger mochten sy net langer hawwe.
 
De Romeinske senator [[Markus Porsius Kato Sensorius major|Kato]] ([[234 f.Kr.|234]] - [[149 f.Kr.]]) fûn it gefaar fan Karatago, nettsjinsteande dizze nederlaach, noch hieltyd sa bot dat er elke redefiering foar de Romeinske senaat einige mei de sin: "En trouwens ik bliuw de miening tadien dat Kartago ferneatige wurde moat". Kato krige lang om let syn sin yn de [[Tredde Punyske oarlochOarloch]], dêr't Kartago by ferwoaste waard.
 
[[Kategory:Punyske Oarloggen]]