Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 145:
[[Ofbyld:PhoenicianTrade.png|thumb|De Fenisyske hannelsrûtes]]
[[Ofbyld:218BCMAPMEDITERRANEAN.jpg|thumb|Tastân yn it Middellânske Seegebiet yn 218 f.Kr.]]
[[Ofbyld:Rasoirs puniques MN carthage.jpg|thumb|Skearmessen fan Kartago]]
De keaplju wiene it wichtichste en it meast ferneamde part fan de Kartaachske maatskippij. Hja wiene suver de erfgenamten fan de Fenysyske keaplju yn it westlik Middellânske Seegebiet en dus ek de erfgenamten fan de konkurinsje mei de Grykske keaplju. Syprus wie ien fan de earste plakken dêr't de kommersjele hannel oanmoedige en útdage waard. De Fenysjers lutsen hieltyd mear nei it westen ta, dêr't se nije hannelsposten stiften, lykas Utica en Kartago. De Griken folgen harren nei it westen ta en de konkurrinsje en de rivaliteit tusken harren giene dêrom ek gewoan troch. Lang om let late dat, benammen yn [[Sisylje]] ta oarloggen yn de folgjende iuwen. Hoewol't hannelsguod, dat troch de Griken makke waard, fan bettere kwaliteit wie, hannele Kartago nettsjinsteande dat yn gruttere hoemannichten hannelsguod. Dat kaam ta utering yn de [[Tredde Punyske Oarloch]]. Doe't de Romeinen Kartago belegeren, wist de stêd yn in koart skoftke tiid in grutte hoemannichte kriichsark te meitsjen, mar it bliek dochs net genôch te wêzen om de Romeinske oermacht de baas te bliuwen.
 
Line 153 ⟶ 154:
Neffens de Grykske geograaf [[Strabo]] (63 f.Kr.-21 n.Kr.) wie Kartago foar syn ûndergong yn 146 f.Kr. in stêd mei likernôch 700.000 ynwenners en hie in alliânsje mei 300 stêden opboud. De Grykske skriuwer [[Polybius]] (203-120 f.Kr.) neamde Kartag de "woltierichste stêd yn de wrâld".
 
=== Steatsopbou ===
[[Ofbyld:Karthago Tophet.JPG|thumb|Stêle op de tofeet fan Kartago]]
Kartago waard almeast troch in [[oligargy]] regearre, dy't út de rykste en wichtichste famyljes bestiene. [[Aristoteles]] neamde dat it bestjoer fan Kartago in mingsel fan in [[monargy]], [[aristokrasy]] en [[demokrasy]] wie. Fan de sechde iuw f.Kr. ôf waarden elts jier twa [[suffeet|suffeten]] keazen, dy't it foech hiene de folksgearkomste en de rie fan âlderlingen foar te sitten. De rie fan âlderlingen joegen de suffeten advys, lykas de [[Romeinske Senaat]] dat die. Dat orgaan hie hûnderten leden dy't libbenslang oansteld waarden. Frijkommende plakken waarden opfolle troch leden fan de woltierichste klasse. Guon fan harren koene as de 104 rjochters beneamd wurde. Yn in tiid fan krisis keas de folksgearkomste ien dy't mear foech krige om dy krisis de baas te wurden. It Kartaachsk bestjoersysteem like likernôch op dy fan it Romeinsk systeem.
 
=== Religy ===
De godstsjinst fan de Kartagers waard oernommen fan dy fan de Fenysjers. De haadgod [[Melkart]] waard út de memmestêd Tyrus meinommen nei Kartago. Letter waard de fan oarsprong Noardafrikaanske god [[Tanit]] de wichtichste god yn Kartago. De godstsjinst, de [[Baäl]], wie berucht om de berne-offers, dy't yn in tiid fan neigean faker dien waarden. Ek yn Kartago waard soks dien, neffens de Romeinske skriuwer [[Plutarchus]]. Urnen, dy't yn Tuneezje, Sisylje en Sardynje opgroeven waarden, befetten in soad ferbaarnde bernebonken, mar it bliek dêrby dat it net om berne-offers gie, mar om dea berne of jong ferstoarne bern te gean. De Kartagers hiene neialle gedachten in bysûnder begraafplak foar harren. Dat soe der op wize kinne dat de Romeinen dy grouwélige ferhalen oer it bernemoardzjen yn Kartago gewoan Romeinske propaganda wie.
 
== Keppeling om utens ==
* {{en}}[[Jona Lendering]] - [https://web.archive.org/web/20051125152633/http://www.livius.org/cao-caz/carthage/carthage.html ''Carthage''] ([[Livius.org]]) (argyf)
* {{en}}[https://web.archive.org/web/20080509061500/http://history-world.org/Carthage,%20A%20History%201.htm Charles Rollin - ''A complete history of ancient Carthage from its founding to its collapse'' (International World History Project)]
* {{fr}}[https://web.archive.org/web/20080320013503/http://www.saisonstunisiennes.com/articles/punique/ Adeline Roudal - ''Carthage punique - La formation d’un empire'']
* {{de}}[[ZDF]]-[https://web.archive.org/web/20090722213524/http://www.zdf.de/ZDFde/inhalt/26/0%2C1872%2C2071834%2C00.html?dr=1 Expedition - ''Metropolis: Karthago - Die Stadt der Seefahrer'']
* {{en}}{{aut|Hassett, M.}} [http://www.newadvent.org/cathen/03385a.htm Carthage], lemma in [[Catholic Encyclopedia]], 1913 — Archdiocese of Carthage (Carthaginiensis)
* [https://web.archive.org/web/20131203113321/http://www.commune-carthage.gov.tn/fr/index.php De webstee fan de gemeente Kartago]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Richard Miles, ''Carthage Must Be Destroyed. The Rise and Fall of an Ancient Civilization'', 2009, ISBN 9780141018096
* Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Carthage ''References'' en ''Sources'', op dizze side].
---------------
{{Commonscat|Carthage}}
}}
 
{{Koördinaten|36_53_12_N_10_18_53_E_type:city_scale:12500_region:TU|36° 53' 12" NB, 10° 18' 53" EL}}