Augustinus: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
red |
noch wat |
||
Rigel 3:
== Libben ==
Augustinus kaam op 'e wrâld en stoar yn [[Thagaste]] (Souk-Ahras), yn de doetiidske [[Romeinske ryk|Romeinske]] provinsje [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] tsjintwurdich noardeast [[Algerije]] en noard-[[Tuneezje]]. [[Noard-Afrika]] yn de 3e en 4e iuw, wie mei [[Turkije]], [[Syprus]], [[Kreta]] en [[Egypte]], ien fan de gebieten dêr't it [[kristendom]] it sterkst woartele wie. Hy waard berne as soan fan in [[heidendom|heidenske]] (net-kristlike) heit en in fromme kristlike mem. Syn âlden hienen it net breed mar joegen him wol in goede oplieding. Hy koe studearje en waard yn [[375]] yn de âldens fan 21 jier learaar yn de [[retoarika]] yn de stêd [[Kartago]]. Hie wie nei alle gedachten fan [[Berbers]]k komôf, mar hy en syn famylje sprieken [[Latyn]].
Yn syn jonge jierren wie hy in fûle oanhinger fan it [[Manicheïsme]], in [[Gnostisisme|gnostyske]] streaming yn it [[kristendom]]. Ta fertriet fan syn mem Monika libbe hy as jongkeardel earst in ûnbannich libben. Nei't er kennis makke hie mei it wurk fan de Romeinske filosoof [[Cicero]] nimt er it beslút [[filosofy]] te studearjen en op syk nei wierheid te gean, benammen oer it suvere Godsbegrip yn relaasje ta de oersprong fan it kwea. Nei alle gedachten ferfear er yn [[383]] nei Itaalje en krige dêr in funksje oan it keizerlik hof yn [[Milaan]]. Dêr liet er him, ûnder ynfloed fan de biskop fan Milaan [[Ambrosius]], ek bekeare ta it kristendom. Hy gong werom nei Afrika en waard dêr
== Teology ==
|