Iisfûgel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
Namme= Alcedo atthis
}}
De '''iisfûgel''' (''Alcedo atthis'') is in [[fûgel]] út de famylje fan de [[iisfûgels]], en út it skift fan de [[rôldereftigen]].
 
== Foarkommen ==
De iisfûgel is een for it meastpart opfallend blau fûgeltsje mei oranje-brune en wite ûnderdielen, en yn flinke swarte snaffel. Hy is likernôch 18 cm grut, en weacht sa'n 30-40 g, it wyfke wat mear as it mantsje.
 
== Fersprieding ==
Midden- en Súd-Jeropa, Midden-, Súd en Súdeast-Aazjen en Afrika. Fryslân hat alle jieren tsientallen briedpearen. De iisfûgel hat gewoanlik hiel wat te lijen fan strange winters; in protte oerlibbe dan net. De iisfûgel wurdt net mear als bedrige besjoun en stiet dêrom net mear op de [[Nederlânse Reade list fan fûgels]].
 
== Iten ==
De iisfûgels frette benammen fisk yn heldere, leafst rinnende wetters.
 
==Taksonomy==
De iisfûgel hat sân ûndersoarten:
* ''Alcedo atthis ispida'' - West- en Midden-Jeropa (ek Nederlân), Midden-Easten, Afrika
* ''Alcedo atthis atthis'' - Súd-Jeropa, Midden-Easten, Súdwest-Aazje
* ''Alcedo atthis bengalensis'' - Súd- en East-Aazje
* ''Alcedo atthis taprobana'' - Súd-Yndia, Sri Lanka
* ''Alcedo atthis floresiana'' - Lytse Sûnda-eilannen
* ''Alcedo atthis hispidoides'' - East-Yndonesië
* ''Alcedo atthis salomonensis'' - Solomoneilannen