Rupert fan Salzburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Rigel 49:
Rupert wie fan hege komôf en wie besibbe oan it [[merovingen|merovingyske]] keningshûs. Yn Worms waard er ta biskop wijd. Hartoch Theodo fan Beieren, troud mei famylje fan Rupert, frege him yn 696 nei Beieren te kommen, dêr't er yn [[Regensburg]] wurke en hartoch Theodo II en syn hôf yn it [[Kristendom|kristlike]] leauwe ûnderwiisde.
Fan Theodo mocht Rupert neffens eigen goedtinken in plak útsykje dêr't er him ynsette koe foar it ferkundigjen fan it evangeelje. Hy fear mei it skip de [[Donau]] ôf oant er by it grinsgebiet mei de [[Jeraziatyske Avaren|Avaren]] kaam. Yn Lorch (Lairiacum) trof Rupert noch in bjusterbaarlik grutte ierkristlike gemeente oan, de Laurentiustsjerke dêr giet noch werom op romeinsk-heidenske bouwurken. Syn oarspronklike doel om te misjonearjen ûnder de Avaren en de [[Slaven (folk)|Slaven]] koe net trochgean fanwegen de krigen en de teheisterings oan de lânsgrinzen.
[[File:Ankunft des Heiligen Rupertus.jpeg|thumb|left|250px|<center>''Oankomst fan Rupertus mei syn gesellen Chunialdus en Gislarius yn Juvanum''</center>]]
Rupert reizge fierder, nei alle gedachten de âlde romeinske wei folgjend. By in koart opûnthâld yn Seekirchen stifte er dêr in tsjerke om dêrnei om 700 hinne yn Juvanum, it tsjintwurdige Salzburg, oan te kommen. Yn dy tiid wie fan Juvanum troch de [[Grutte Folkeferfarren|folksferhûzings]] net mear as in ruïnestêd. Dêr wie noch in lytse romeinske mienskip efterbleaun en mooglik ek noch in âlde mienskip fan muontsen. Theodo en syn soan Theudebert, dy't op de boarch fan Salzburg wenne, skonken Rupert de ruïnestêd en in tredde fan de sâltboarnen yn Reichenhall. Yn Salzburg stifte Rupert it benediktynske kleaster Sint-Petrus en waard dêr abt, hy liet in grutte tsjerke bouwe op it plak fan de hjoeddeiske domtsjerke, wurke oan de weropbou fan de stêd en foar de ynkomsten eksploitearre er de sâltminen. Under de boarch fan Theudebert by de tsjintwurdige Fêsting Hohensalzburg stifte Rupert yn 711 it kleaster Nonnberg en beneamde dêr syn nicht Erentrudis as earste abdis. It is hjoeddedei it âldste noch besteande kristlike nonnenkleaster fan 'e wrâld, dat sûnder ûnderbrekking funksjonearre hat. Rupert brocht in grut part fan de [[Relikwy|reliken]] fan syn foargonger yn Worms nei Salzburg, de hillige [[Amandus fan Worms|Amandus]]. It bonkerak fan Amandus waard byset ûnder de tsjintwurdige Margaretakapel op it tsjerkhôf, mar tsjintwurdich lizze syn oerbliuwsels ûnder it alter fan de abdijtsjerke Sint-Petrus.