Oostwold (Aldamt): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
'''Oostwold''' (Eastwâld) is in doarp yn de gemeente [[Aldamt (gemeente)|Aldamt]] yn de [[Provinsjes fan Nederlân|provinsje]] [[Grinslân]]. It doarp hie yn 2019 1405 ynwenners. Oostwold is in [[beskerme doarpsgesicht]].
 
[[Ofbyld:Eastwâld (Oostwold), Grinslân, herfoarme tsjerke.jpg|thumb|left|[[Herfoarme tsjerke (Oostwold)|Herfoarme tsjerke]] fan Oostwold]]
Oostwold leit yn it [[Aldamt (regio)|Aldamt]] en lei oarspronklik oan de ouwer fan de [[Doalert]]. Bûten it doarp, oan de dyk nei [[Midwolda]] en yn de [[Oostwolderpolder]] steane steatlike [[pleats]]en en yn it doarp wennen de lânwurklju. De tsjinstellings tusken de boeren en wurklju wien yn de omkriten tige grut. Yn [[Finsterwolde]], dat flakby leit, late dy tsjinstelling ta in sterke posysje fan de [[Kommunistyske Partij fan Nederlân|Kommunistyske Partij]]. Yn Oostwold en Midwolda wiene en bleaune de lânwurklju lykwols strang [[protestantsk]].
 
Line 32 ⟶ 31:
 
== Tsjerken ==
[[Ofbyld:Eastwâld (Oostwold), Grinslân, herfoarme tsjerke.jpg|thumb|left|[[Herfoarme tsjerke (Oostwold)|Herfoarme tsjerke]] fan Oostwold]]
{{apart|Herfoarme tsjerke (Oostwold)}}
Yn [[1775]] waard de hjoeddeiske [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|herfoarme]] tsjerke boud, dy't in âlder gebou fan de [[sechtjinde iuw]] ferfong, dy't oan de [[apostel]] [[Simon (apostel)|Simon]] wijd wie. In âldere tsjerke stie op it plak fan de pleats ''Kloosterheem'', beëasten it hjoeddeiske doarp. Yn [[1951]] waarden dêr trije grêfkelders fan kleasterstiennen bleatlein. De âldste tsjerke stie fierder benoarden yn in gebiet dat hjoed-de-dei bedobbe is mei [[klaai]] fan de Dollard. Dy tsjerke waard yn [[1530]] sloopt en de stiennen waarden brûkt foar it bouwen fan in nij [[blokhûs]] by [[Delfsyl]]. It besit fan de tsjerke waard ûnderbrocht by it Grizefrouljuskleaster, wylst de parochianen harren by Midwolda foegen. Om [[1550]] hinne hie Oostwold wer in tsjerke. Nijsgjirrich is it orizjinele Freytag-oargel yn de hjoeddeiske tsjerke út 1809-1811.