Echte reidhinnen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 mai 2021 om 22.29

De (echte) reidhinnen (wittenskiplike namme: Gallinula) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae), en de ûnderfamylje fan 'e reidhinfûgels (Gallinulinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 7 libbene soarten en ien útstoarne soarte. Fan 'e libbene soarten binne neffens de Reade List fan de IUCN trije bedrige of krytyk (= hast útstoarn). De bekendste soarte fan 'e reidhinnen is it reidhintsje (Gallinula chloropus), dy't ek yn Fryslân rûnom foarkomt. Ien fan 'e reidhinsoarten wurd hoed de dei ta in apart skaai (Paragallinula) rekkene.

Echte reidhinnen
In swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa)
In swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
skift: kraaneftigen (Gruiformes)
ûnderskift: raleftigen (Ralli)
famylje: ralfûgels (Rallidae)
ûnderfamylje: reidhinfûgels (Gallinulinae)
skaai: reidhinnen (Gallinula)
Brisson, 1760

Skaai-opbou