Huzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
noch wat
Rigel 17:
It âlde doarp Huzum is boud op in [[terp]]. Likernôch [[1000]] nei Kristus waard dy foar it earst bewenne. De earste skriftlike boarne dêr't Huzum yn neamd waard, is in brief fan [[Wibald fan Stablo]], de [[abt]] fan de [[Abdij fan Corvey]]. Dy skreau syn brief út namme fan de "Khristenen van de Parochie Lieuward ten jaren 1149" oan de [[biskop fan Utert]]. Neist foarstellen oer de tsjerke fan Ljouwert, joech dy abt yn syn brief advizen om de oanlis en de bewenning fan Huzum opgean te litten yn dy fan Ljouwert.
 
Om 1400 hinne stie de Abbingastins[[Aebingastate (Huzum)|Aebingastate]] besudeasten Huzum, op it plak fan de hjoeddeistige [[Abbingapark]]. De state waard yn [[1859]] ôfbrutsen.
 
Oant [[1 jannewaris]] [[1944]] wie Huzum it haadplak fan de gemeente [[Ljouwerteradiel]]. Under de Dútske besetting waard it súdlike stik fan de gemeente Ljouwerteradiel, it [[Sudertrimdiel]], by de gemeente Ljouwert foege. Dêrtroch waard Huzum in [[wenwyk]] fan Ljouwert. Oant [[1965]] stie it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel noch yn Huzum.