Ferkearsknooppunt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:AK-Detail.jpg|thumb|In knooppunt yn klaverblêd-foarm]]
In '''ferkearsknooppunt''' is in krusing fan [[autodikenautogongwegen]] en [[autowegen]] foar trochgeand motorisearre ferkear, dy't almeast op ûngelikese hichten útfierd wurdt.
 
Op knooppunten hoecht it ferkear net te stopjen by it ôfslaan, mar kin gewoan troch riden bliuwe. Troch de hege faasje fan reauwen op de diken dêr't knooppunten binne, wurde de bochten mei in wide bôge makke. Op finansjeel mêd wurdt der gauris ek tefoaren kommen en bou oerstallige oergongen. It is dus net altyd like ienfâldich alle ôfslaggen mooglik meitsje en de grutte fan it knooppunt te beheinen.
 
Knooppunten kinne in krusing of in trijesprong fan autogongwegen wêze, en bygelyks yn [[Dútslân]] yn it [[Autobahn]]systeem hawwe se elts in eigen namme. In krusing fan hjit dêr in ''Autobahnkreuz'' en in trijesprong hjit in ''Autobahndreieck''.
 
Yn [[West-Jeropa]] wurde knooppunten almeast op ûngelikese hichte boud, wylst guon op deselde hichte boud waarden, sa as bygelyks de eardere rotonde op it [[knooppunt De Jouwer]], dat yn 2017 en 2018 omboud waard ta in heal [[stjerknooppunt]]. Yn [[Nederlân]] en [[Belgje]] wurde knooppunten net opnommen yn it nûmerjen fan de diken, mar yn [[Dútslân]] en oare lannen wol wer.
Line 16 ⟶ 18:
== Parten fan in knooppunt ==
[[Ofbyld:Onderdelen van een verkeersknooppunt.png|thumb|Parten fan in ferkearsknooppunt]]
[[Ofbyld:High Five.jpg|thumb|It knooppunt ''High Five'' yn [[Dallas (Teksas)|Dallas]], [[Teksas]], [[Feriene Steaten]], in grut stjerknooppunt dat op fiif hichten boud waard, dêr't pleatslik en trochgean ferkear faninoar skaat wurdt]]
In ferkearsknooppunt bestiet út ferskate parten.
 
Line 31 ⟶ 34:
 
=== Fiadukt en fly-overs ===
De krusende haadrydbanen fan in ferkearsknooppunt wurde almeast troch in [[fiadukt]] faninoar skaat. De ferbiningsbôgen om nei lofts ôf te slaan kinne yn ferskate foarmen útfierd wurde. By in klaverblêd foarmje se suver in lus, mar binne de bochten skerper en moat it ferkear syn faasje folle mear minderje. By oare knooppunten, lykas stjerknooppunten, binne ferbiningsbôgen nei lofts as in ''fly-over'' oer it knooppunt hinne makke en binne de bochten rommer makke. Dêrtroch hoecht it ferkear syn faasje net sa folle te minderjen, en komt it foarmjen fan files mear tefoaren as by in klaverblêd. In ferneamd foarbyld fan in knooppunt mei fly-overs is dy fan it [[Prins Clausplein]] by [[De Haach]]. Sokke knooppunten binne lykwols djoerder, allinnich al om't dy troch harren grutte mear romte nedich hawwe.
De krusende haadrydbanen fan in ferkearsknooppunt wurde almeast troch in [[fiadukt]] faninoar skaat.
 
== Knooppunt yn krúspuntfoarm ==
Der besteane fjouwer foarmen fan krúsknooppunten, dy't ûnderinoar ferskille neffens fermogen, feiligens, boukosten, en romtegebrûk. By alle foarmen wurde de ôfslaggen nei rjochts almeast itselde boud. It ferskil fan bouwen sit yn de manier dêr't nei lofts ôfslein wurde moat. De fjouwer haadfoarmen foar fjouwer rjochtingen binne it [[klaverblêd (knooppunt)|klaverblêd]], [[turbine (knooppunt)|turbine]], [[wynmûne (knooppunt)|wynmûne]] en [[stjerknooppunt]]. Dêrnjonken komme der ek mingde foarmen foar.
 
=== Klaverblêd ===
[[Ofbyld:AK-Kleeblatt.svg|thumb|left|180px|In knooppunt yn de foarm fan in klaverblêd]]
[[Ofbyld:I-270 at SR-161 cloverleaf 1995.jpg|thumb|180px|In klaverblêd sûnder ranzjearbanen yn [[Columbus (Ohio)|Columbus]], [[Ohio]], [[Feriene Steaten]] yn 1995]]
De namme fan it klaverblêd komt fan de net folle foarkommende foarm fan de plant [[klaver (plant)|klaver]] mei fjouwer blêden; it [[klaverke fjouwer (plant)|klaverke fjouwer]]. Yn Nederlân en Dútslân wurdt it klaverblêd it meast foar krúsknooppunten keazen. It bouwen fan in klaverblêd is meastentiids goedkeaper, om't der mar ien fiadukt mei in reedlik koarte lingte boud hoecht te wurden. De ôfslaggen nei lofts wurde mei ferbiningsbôgen mei in reedlik skerpe bocht fan 270° nei rjochts as in soarte lus boud. It ferkearsfermogen fan in klaverblêd is wat leger as syn djoerdere farianten. Op de ranzjearbanen en weeffekken komt it ferkear mei ferskillende faasje by-inoar. Dêrtroch fine der dus ek fersteurende yn- en útrydbewgings plak en dêrom is der ek mear kâns op file en ûngemakken by in klaverblêd.
 
In oplossing dêrfoar waard dien op bygelyks it ''[[Frankfurter Kreuz]]'', dat fan oarsprong in klaverblêdknooppunt wie, dêr't de ranzjearbanen faninoar skaat waarden troch se op ûngelikese hichte te bouwen. As in klaverblêd net mear foldocht oan de drokte fan it ferkear, wurdt der ornaris foar in mingfoam keazen: klaverturbine of klaverstjer.
 
Yn Fryslân binne der twa knooppunten yn klaverblêdfoarm: it [[knooppunt It Hearrenfean]] en it [[knooppunt Oerterperfallaat]], lykwols sûnder ranzjearbanen, by [[Drachten]].