Masturbaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ yn it algemien
froulike masturbaasje red + oanfolling
Rigel 14:
Foar masturbaasje yn 'e sin fan selsbefrediging brûkt men [[seksuele fantasij]] om [[lust]] op te wekjen. Dat kin al of net begelaat wurde troch it besjen fan in [[erotyk|eroatyske]] [[film]] of [[pornofilm]], it lêzen fan in [[neakenblêd]] of [[pornoblêd]] of it brûken fan in oare eksterne boarne foar [[seksuele opwining]]. Selsbefrediging wurdt oan dien troch minsken fan beide [[geslacht (sekse)|geslachten]] en fan alle [[leeftiden]]. Neffens in ûndersyk fan 'e [[Rutgersstichting]] út [[2017]] masturbearret fan 'e [[Nederlân]]ske [[befolking]] 40% fan 'e [[manlju]] en 14% fan 'e [[froulju]] teminsten ien kear yn 'e [[wike]]. By itselde ûndersyk joech 16% fan 'e manlju en 33% fan 'e froulju oan nea te masturbearjen.<ref>[https://www.rutgers.nl/sites/rutgersnl/files/PDF-Onderzoek/Rapport_SGIN%202017.pdf ——, ''Seksuele Gezondheid in Nederland 2017'', De Haach (Rutgersstichting), 2017.]</ref> Manlju masturbearje oer it algemien mear as froulju. Net allinne [[folwoeksene]]n masturbearje trouwens; prepuberale [[bern (persoan)|bern]] stimulearje harrensels ek as se útfine dat soks in oangenaam gefoel jout. Pas as se yn 'e [[puberteit]] komme, wurdt it foar harren lykwols mooglik om op dy wize in [[orgasme]] te berikken.
[[File:1925_Wegener_Les_Delassements_dEros_01_anagoria.JPG|left|thumb|200px|Froulike masturbaasje op in [[tekening]] fan [[Gerda Wegener]] út [[1925]].]]
 
== =Froulike masturbaasje selsbefrediging===
[[Famke]]s en [[froulju]] kinne masturbearje troch oer en om 'e [[klitoris]] hinne te wriuwen, de [[skamlippen]] te massearjen en de fingers yn en út 'e [[fagina]] te bewegen. Dy aktiviteiten wurdt oantsjut as [[fingerjen]]. Faak brûke froulju ek [[seksboartersguod]] by it masturbearjen, lykas in [[dildo]] of in [[fibrator]], of (minder faak) in [[seksmasine]] of aldendeiske foarwerpen lykas in [[banaan]] of in [[komkommer]]. Sokke [[fallus]]foarmige foarwerpen kinne ynbrocht wurde yn 'e fagina (of de [[anus]]), mar fibrators wurde ek fral in protte brûkt om tsjin 'e klitoris oan te hâlden, sadat de trillings fan it apparaat op dat punt ta [[seksueel geniet]] en úteinlik ta in [[orgasme]] liede. De hurde striel [[wetter]] út in [[dûskop]] wurdt soms foar itselde doel brûkt. Om 'e stimulaasje op te fieren, kinne froulju ûnder it masturbearjen ek oare [[erogene sône]]s fan harren [[minsklik lichem|lichem]] oanreitsje, lykas de [[boarsten]], de [[spien]]nen of de [[anus]].
 
De stimulaasje fan 'e [[geslachtsdiel]]en kin by froulju ek plakfine sûnder dat de hannen derby belutsen binne, bgl. troch earne tsjinoan te riden (mei in [[Ingelsk]] [[lienwurd]] tsjintwurdich wol oantsjut as '[[humpen]]'). Meastentiids folget oan 'e ein fan it stimulearjen in [[orgasme]]. Dat is by froulju in yntinse [[gefoel|sensaasje]] dat in stik langer oanhâlde kin as by manlju. Ek is alteast in diel fan 'e froulju by steat om in [[mearfâldich orgasme]] of in [[froulike ejakulaasje]] te krijen. Oan 'e oare kant is it foar guon froulju tige dreech of sels suver ûnmooglik om in orgasme te berikken. Ek komt it foar dat froulju troch ûnkunde of ûnwil fan harren sekspartner(s) allinne troch sels te masturbearjen in orgasme berikke kinne.
[[File:Caucasian man masturbating.jpg|thumb|250px|right|In [[man (sekse)|man]] dy't himsels [[ôflûken (seksualiteit)|ôflûkt]].]]
 
 
 
 
== Froulike masturbaasje ==
 
Froulju hawwe ferskate wizen fan masturbearjen. Yn it generaal wriuwe froulju oer it [[Fagina|skie]] en benammen it [[klitoris]]. Hja stekt der guon fingers yn de fagina en wriuwt oer de foarside fan de fagina. De frou kin in [[fibrator]] of in [[dildo]] brûke, dit buortersguod hat it stimulearjen fan de fagina en klitoris ta doel. Somtiden brûkt in frou de hurde striel út de dûskop om de klitoris te stimulearjen. Har [[anus|anale]] part is lyksa gefoelich en wurdt soms ek stimulearre ûnder it masturbearjen. Guon froulju fine it noflik de boarsten en spiennen te stimulearjen. It faginale part wurdt wiet mei it stimulearjen. Meastentiids folget oan de ein fan it stimulearjen in orgasme. In orgasme is in yntensyf en noflik gefoel. Guon froulju kinne yn in beskate tiid ferskate orgasmes krije, guon krije hielendal net in orgasme.
 
== Manlike masturbaasje ==
[[Image:Caucasian man masturbating.jpg|thumb|Manlike masturbaasje]]
Normaal hâldt de man syn pyst (ferstyfd) yn syn hân en beweegt op en del. Manlju fine it ek noflik om oare gefoelige plakjes oan te reitsjen lykas de [[balsek]], de [[anus]] en spiennen. Nei it masturbearjen folget meastentiids in orgasme. Under in manlik orgasme komt der [[sperma]] út de pyst frij. Manlju fine de sensaasje fan de ejakulaasje noflik. Foar manlju is it dreech mear as ien orgasmes koart efter inoar te krijen.