Masturbaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mienskiplike musturbaasje
+ bykommend spul, boarnen, kat
Rigel 31:
Behalven de [[geslachtsdiel]]en kin (ek) de [[anus]] masturbearre wurde, troch it yn- en útbewegen fan fingers ([[fingerjen]]) of fan seksboartersguod, lykas in [[dildo]], in [[fibrator]], [[Sineeske baltsjes]] of [[geisha-ballen]]. Soks wurdt dien troch (guon) froulju, mar ek troch (guon) sawol [[homoseksuele]] as [[heteroseksuele]] manlju. Manlju kinne behalven troch stimulaasje fan 'e [[nút (lichemsdiel)|nút]] (de útein fan 'e [[penis]]) ek in orgasme berikke troch (anale) stimulaasje fan 'e [[prostaat]].
[[File:Geiger-masturbation-mutuelle.jpg|left|thumb|200px|Mienskiplike masturbaasje op in [[akwarel]] fan [[Johann Nepomuk Geiger]], út [[1840]].]]
 
===Net-seksuele redens foar selsbefrediging===
Der besteane ek net-seksuele redens foar selsbefrediging, benammen foar [[manlju]]. Soks komt bgl. foar as men in [[spermadonaasje]] dwaan wol oan in [[spermabank]], of as jins [[sperma]] ûndersocht wurde moat foar in [[fruchtberens]]ûndersyk.
 
==Mienskiplike masturbaasje==
Line 36 ⟶ 39:
 
Der besteane yn haadsaak twa foarmen fan mienskiplike masturbaasje. Mienskiplike masturbaasje sûnder kontakt is as twa minsken oan selsbefrediging dogge yn inoars oanwêzigens, sadat inoars selsbefrediging inoars lust ferheget. By mienskiplike masturbaasje mei kontakt masturbearret ien persoan in oare persoan, of twa persoanen masturbearje inoar. Soks kin tagelyk of om bar dien wurde. Beide neamde foarmen kinne fansels ek [[groepseks|yn groepsferbân]] bedreaun wurde.
 
==Sûnens==
Der is gjin inkeld oarsaaklik ferbân bekend fan masturbaasje mei lykfol hokker foarm fan in [[minsklik lichem|lichaamlike]] of [[geast]]like [[oandwaning]]. Wol is it fansels sa, lykas mei alles, dat oerdied ta slitaazje liedt. By in [[man (sekse)|man]] dy't tweintich jier lang eltse dei fjouwer of fiif kear masturbearret, sille úteinlik de [[swellichem]]s yn 'e [[penis]] it bejaan. En as immen it foar de moade hat om foarwerpen yn 'e [[fagina]] of [[anus]] te triuwen, kin it foarkomme dat dy fêstreitsje as se te djip ynbrocht wurde, mei as gefolch dat men jin ûnder behanneling fan in [[dokter]] stelle moat om se der wer ta'n út te krijen.
 
==Sjoch ek==
*[[fingerjen]]
*[[ôflûken (seksualiteit)|ôflûken]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Masturbation ''References'' en ''Further Reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Masturbation}}
}}
 
[[Kategory:Masturbaasje| ]]
[[Kategory:Seksualiteit]]
[[Kategory:Net-penetrative seks]]
[[Kategory:Fagina]]
[[Kategory:Penis]]
[[Kategory:Anus]]
[[Kategory:Frije tiid]]
[[Kategory:Lienwurd út it Latyn]]