Theresia fan Lisieux: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 151:
Yn jannewaris 1897 skreau Theresia, doe krekt 24 jier: "Ik tink dat myn reis net lang mear duorje sil". Alhoewol't it minder waard mei Theresia, slagge hja der yn om har plak yn de mienskip fêst te hâlden. Mar yn de maaitiid makke it spuien, de pine yn it boarst en it ophoastjen fan bloed Theresia jimmeroan swakker.
[[File:Thérèse de Lisieux en Jeanne d'Arc enchainée.jpg|thumb|left|left|''Theresia as Jeanne d'Arc'']]
Yn april 1897 krige Theresia te meitsjen mei de gefolgen fan de Diana Vaughan-saak. Sûnt 1895 is de Amerikaanske Diana Vaughan yn Frankryk bekend fanwegen de útjefte fan har memoires, har kontakten mei [[Satanisme|satanyske]] rûnten en hare bekearing dy't dêr tanksij it foarbyld fan Jeanne d'Arc op folge. Theresia wie lykas alle katoliken yn Frankryk djip rekke troch de tsjûgenis fan Diana Vaughan. Mem Agnès trune har oan in pear ferzen te skriuwen foar de bekearde frou en hja die dêr in foto by fan Theresia, doe't hja de rol fan Jeanne d'Arc spile. De post koe net streekrjocht nei Diana Vaughan sjoerd wurde, om't hja har skûl hâlde moast foar de leden fan de satanyske sekte. De posten waard dêrom nei [[Léo Taxil]] stjoerd, immen dy't himsels opsmiten hie as har wurdfierder. Theresia skreau yn juny 1896 ek it koarte toanielstik ''Le Triomphe de l'humilité'', dat ynspirearre wie op de bekearing fan Diana Vaughan.
 
Yn de rin fan 1896 riisde der by de parse lykwols jimmeroan mear twifel oan de oprjochtens fan Léo Taxil, dy't ek bekend stie as anty-klerikaal. En sa kundige Taxil in parsekonferinsje op peaskemoandei ôf, sabeare om alle twifel wei te nimmen. Mar op die tige goed besochte parsekonferinsje makke er bekend dat Diana Vaughan nea bestien hie en dat er it hiele opfantasearre ferhaal ûnder dat pseudonym publisearre hie om de Roomks-Katolike Tsjerke yn ferlegenheid te bringen. It publyk wie der glêd ôf. De nonnen fan de Karmel yn Lisieux hearden op 21 april fan it nijs. En op 24 april ûntduts Theresia dat de op de parsekonferinsje toande foto fan Jeanne d'Arc de foto fan har wie . Hja seach it foarfal as in fernedering en in test, fral no't hja sa troch twifel besocht waard.