Theresia fan Lisieux: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 184:
== Reliken ==
[[File:Lisieux, skryn fan Theresia fan Lisieux yn de kapel fan de Karmel.jpg|thumb|left|''Skryn fan Theresia fan Lisieux yn de kapel fan de Karmel'']]
Op 6 september 1910 waarden de resten fan Theresia opgroeven en oerbrocht nei in oar grêf. In twadde opgravnig fûn plak op 10 augustus 1917. Nei in ûndersyk troch medyske saakkundigen waarden ha oerbliuwsels mei in soad pracht en praal op 26 maart 1923 nei de kapel fan de Karmel fan Lisieux oerbrocht. Tsientûzenen minsken stiene oan de kant fan de likernôch twa kilometer lange rûte. Op 'e nij waard der tynge dien fan wûnders. In soldaat dy't al 15 moannen ferlamme wie, koe wer rinne nei't de wein mei de reliken foarby ried. In jonge bline frou dy't by de Karmel op de prosesje wachte, fielde har eagen iepen gean en seach mei eigen eagen de prosesje mei Theresia de Karmel yngean. Har reliken wurde yn twa kistjes bewarre ûnder de skryn yn de kapel.
 
Theresia woe "it evangeelje ferkundigje yn de fiif dielen fan 'e wrâld en sels op de meast efterôf lizzende eilannen". Dy winsk waard ferfolle want har reliken reizgje yn relykhâlders regelmjittich de wrâld oer nei alle úthoeken fan 'e wrâld.