Konkoers hippyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
missende letter tafoege
Rigel 1:
[[File:Show Jumping Competition 2014 Nir David Israel.JPG|right|thumb|250px|[[Springen (hynstesport)|Springen]] ûnder in konkoers hippyk.]]
In '''konkoers hippyk'''<ref>{{Frysk Hânwurdboek|982}}</ref> (fan it [[Frânsk]]e ''concours hippique'', "hynstewedstryd") is in [[wedstryd]]barren binnebinnen de [[hynstesport]]. Sa'n [[evenemint]] bestiet almeast út ferskate ûnderdielen, lykas [[springen (hynstesport)|springen]], [[dressuer]] en wedstriden en/of shows mei [[túchhynder]]s. Soms komt ek in gearstalde wedstryd fan 'e [[mensport]] oan bod.
 
Fierders kinne oan in konkoers hippyk ek [[hurddraverij]]en en [[hynstekeuring]]s ferbûn wêze. Yn 'e [[skoft (tiid)|skoften]] wurde faak publyksdemonstraasjes fersoarge fan ferskate oare fasetten fan it wurkjen mei [[hynder]]s of mei [[bisten]] yn it algemien. In konkoers hippyk wurdt yn 'e regel yn it [[simmer]]healjier yn 'e [[iepen loft]] holden. It kin lykwols ek foarkomme dat sa'n evenemint yn in [[maneezje]] of in oare oerdutsen [[hal]] organisearre wurdt; yn dat gefal sprekt men ornaris fan in 'indoor-konkoers', wat net selden ferkoarte wurdt ta simpelwei 'indoor'.