Aseksualiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
 
Rigel 1:
[[File:Asexual Pride Flag.svg|right|thumb|200px|De [[flagge]] fan 'e aseksualiteit.]]
'''Aseksualiteit''' (of '''non-seksualiteit''') is it brekme oan [[seksuele oantrekking]] ta lykfolwa, of in tige swakke of gjin belangstelling foar [[geslachtsferkear|seksuele aktiviteit]]. Yn minsken kin it beskôge wurde as it net hawwen fan in [[seksuele oriïntaasje]], of krekt as ien fan 'e fjouwer wichtichste seksuele oriïntaasjes, yn 'e mande mei [[heteroseksualiteit]], [[homoseksualiteit]] en [[biseksualiteit]]. Krekt as dy trije foarmen fan seksuele oantrekking is aseksualiteit oanberne. Ut in ûndersyk út [[2004]] die bliken dat likernôch 1% fan 'e minskheid aseksueel is.
 
[[File:AVEN Triangle.svg|thumb|left|150px|<small>De 'AVEN' trijehoeke, symboal foar aseksualiteit</small>]]
Aseksualiteit moat net betize wurde mei [[seksuele ûnthâlding]] of mei it [[selibaat]], dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of [[religy|religieuze]] oertsjûgings. In seksuele oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuele oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuele persoanen gjin [[leafde]] fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols [[platoanyske leafde|platoanysk]] wêze. Guon aseksuele minsken dogge trouwens wol deeglik oan [[geslachtsferkear|seks]], al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuele oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.