Driuwwâl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|De [[Luneburger Heide fan de Wilseder Berch ôf sjoen. De Luneburger Heide bestiet út morenen opdreaune neogeen sân]] In '''driuwwâl''' is in rêch yn in gea dy't bestiet troch gletsjers opdreaune materiaal. Driuwwâlen besteane benammen út sediminten dy't al foar de iisbedekking ôfset waarden. Yn Nederlân en Noard-Dútslân besteane driuwwâlen benammen út opdreaune sân of balstiennen."
 
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Lüneburger Heide 007.jpg|thumb|De [[Luneburger Heide]] fan de Wilseder Berch ôf sjoen. De Luneburger Heide bestiet út [[morene]]n opdreaune [[neogeen]] sân]]
In '''driuwwâl''' is in rêch yn in gea dy't bestiet troch [[gletsjer]]s opdreaune materiaal. Driuwwâlen besteane benammen út sediminten dy't al foar de iisbedekking ôfset waarden. Yn [[Nederlân]] en [[Noard-Dútslân]] besteane driuwwâlen benammen út opdreaune [[sân]] of [[balstien]]nen. Dy ferskille dêrmei fan [[morene]]n dy't yn berchkeatlings foarkomme. Der kin lykwols al morenematearje yn in driuwwâl foarkomme, sa as [[balstienliem]]. Gauris is der njonken in driuwwâl in delte yn it lânskip. Dat is in oerbliuwsel fan in [[glasiaalbekken]], dêr't de sediminten wei troch it iis opdreaun waard. Eartiids wiene driuwwâlen heger, mar troch [[eroazje]] waard de driuwwâl ôfflakke.
 
Yn [[Fryslân]] binne de hichten yn [[Gaasterlân]] part fan in driuwwâl dy't fierder bestiet út hichten yn [[Teksel]], [[Wieringen]], [[Stienwyk]] en [[Coevorden]]. Njonken de hichten fan Gaasterlân lizze de [[Fryske marren]], dat, sa as hjirboppe neamd waard, in delte njonken in driuwwâl is dêr't ea in glasiaal bekken wie. Dy driuwwâl komt út it [[Saale-glasiaal]] wei.
 
Oare driuwwâlen yn [[Nederlân]] binne de [[Utertske Heuvelrêch]], de [[Feluwe]], de [[Sallânske Heuvelrêch]], de hichten yn [[Twinte]] en de hichten yn it [[Ryk fan Nimwegen]] dy't part binne fan de [[Nederrynske Heuvelrêch]] dy't oer de grins yn [[Dútslân]] oant [[Krefeld]] ta rint. Fierders binne der driuwwâlen yn Dútslân sa as de Wilseder Berch op de [[Luneburger Heide]], om Hannover hinne en yn it noardeasten fan Dútslân.
 
== Sjoch ek ==
* [[Morene]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.geologievannederland.nl/landschap/landschapsvormen/stuwwal Geology fan Nederlân]
* [http://avn.geo.uu.nl/13geologie/56/56.html Nederlânske lânfoarmen út it Saalien - Atlas fan Nederlân]
* [http://www.schooltv.nl/video/ontstaan-stuwwallengebied-hoe-komen-we-aan-die-heuvels-in-nederland/ Untstean fan driuwwâlen, filmpke op schooltv]
 
[[Kategory:Lânfoarm]]
[[Kategory:Lânskipstype]]